Hoofdtekst
Der wie in doomny, dy wie frijhwat oan 'e drank. De gemeente koe soks net goed krije en der kommen hwat langer hwat minder minsken yn 'e tsjerke. De doomny koe oars omrake goed preekje.
Syn frou warskôge him. Sy sei: "De minsken ha gjin ûntsach mear foar dy. As dit sa troch giet, dan hastû gau net ien mear yn tsjerke. Dan krijst dyn ûntslach en dan ha wy gjin brea mear."
De doomny seach wol yn dat se gelyk hie. Mar hoe krige hy it folk wer yn tsjerke?
Doe bitocht er in list. Hy lei de snein-to-moarns allegearre bakstiennen op 'e preekstoel. Dy steapele er op op 'e rânne. Dêr stie hy achter to preekjen.
Doe sei de iene tsjin 'e oare: "It doocht net mear mei ús doomny. Hy komt yn 't gekkehûs tolânne."
It folk woarde nijsgjirrich hwat foar healwizichheit hy de oare sneins úthelje soe. Dat doe wie de tsjerke fol minsken. Mar doe hâldde doomny krekt in alderivichst-moaije preek. Dêr wie it folk sa troch stichte, dat sy kommen de oare sneins allegear wer. Sa hied er it folk wer yn tsjerke. Hy liet de drank stean en hy woarde wer in man dy't troch alle minsken achtenearre wie.

Onderwerp
VDK 1833H* - De steen op de preekstoel   
Beschrijving
Een dominee kon niet van de drank afblijven. Om zijn kerk weer vol met mensen te krijgen, stapelde hij voor de zondag allemaal bakstenen op zijn preekstoel. De mensen waren zo nieuwsgierig naar de reden daarvan dat de kerk die zondag weer helemaal vol zat. Hij hield een stichtende preek en hield op met drinken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 412, verhaal 4
Commentaar
16 mei 1968
De steen op de preekstoel
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21