Hoofdtekst
Der wie in stroper, dy hie op in snein-to-moarns ûnderweis nei tsjerke in ein fangd. Hy die him ûnder 'e jas en sa kom er yn tsjerke.
De doomny hie ta tekstwurd: Ik zie hem.
De stroper tocht: O blinder, hy sjocht myn ein.
Doe die er in knoop fan 'e jas fêst.
Even letter sei de doomny wer: Ik zie hem.
Doe die de stroper nòch in knoop fan 'e jas fêst.
Wer in skoftsje letter sei de doomny wer: Ik zie hem.
De stroper die de trêdde knoop fan 'e jas fêst en tochte: Hoe is dat mooglik dat er him nou nòch sjocht.
Doe hearde er foar de fjirde kear: Ik zie hem.
Doe helle er de ein ûnder 'e jas wei en goaide him yn 'e preekstoel en sei: "Astû him dan dochs sjochste, dêr hast him. Ik doar aenst wol wer ien to pakken en dat lit dyn geloof net ta.

Onderwerp
VDK 1833C* - "Ik zie hem!"   
Beschrijving
Een stroper ving op zondagochtend, onderweg naar de kerk, een eend. De dominee zei in zijn preek een paar keer 'ik zie hem', en de man dacht dat hij de eend bedoelde. Bij de vierde keer gooide de stroper het dier naar de preekstoel en zei dat als de dominee hem toch zag, hij hem net zo goed kon hebben. De stroper kon zelf wel weer eens een eend vangen. De dominee niet, omdat zijn geloof hem dat niet toe zou laten.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 412, verhaal 3
Commentaar
16 mei 1968
"Ik zie hem!"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21