Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042801

Een sage (mondeling), woensdag 19 juni 1968

Hoofdtekst

Achter Ljouwert stie in plaets, dy wie tige min. Der roan in mantsje, dy syn plaets wie dat. Hy soe nei hûs ta, hwant de wyn kom opsetten en hy siet bot yn noed oer de pleats. As it in stoarm wurde soe koe it dak it net mear hâlde. En hy hie gjin jild om in nije pleats bouwe to litten.
Underweis kom der in keardel njonken him.
"Hwerom sjogge jim sa bang?" sei dy keardel.
It mantsje fortelde hoe't it siet.
"Hoechst net bang to wêzen," sei de keardel, "kinst fan my in nije pleats krije. Mar dan mast in kontrakt ûndertekenje dat ik letter dyn siele krij. Dan stiet der moarnmoarne in nije pleats njonken dines, foardat de earste hoanne kraeit. As it net útkomt lyk as ik dy siz, dan jildt it net."
It mantsje nom it oan. Hy ûndertekene it kontrakt.
Mar dy nachts wied er bot oerstjûr. Hy koe net sliepe. "Hearst it wol?" sei er tsjin syn wiif. "Se binne al drok oan 't timmerjen." En doe fortelde er alles oan syn wiif. Hy seach binaud. Mar it wiif sei: "Dû hast dy oan 'e duvel forkocht. Mar ik sil der foar soargje dat de pleats noch net klear is, foardat ús eigen hoanne kraeit. Yn 'e iere moarn gong 't minske nei 't hinnehok ta en doe brocht se de hoanne oan 't kraeijen.
Dy hie noch mar krekt lûd jown of de troffels en alles kom fan it dak del. It bouwen wie samar ynienen ophâlden. De pleats wie klear op 'e ûlebuorden nei. Sa fier wienen se der mei.
It kontrakt jildde net mear. It mantsje hie in nije pleats. De duvel hie 't forlern.
Mar it ûleboerd ha se der noait yn hâlde kind. It woarde in plaets sûnder ûlebuorden.


Onderwerp

VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen    VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen   

ATU 0810A* - The Priest and the Devil.    ATU 0810A* - The Priest and the Devil.   

Beschrijving

Een man haastte zich eens bezorgd naar huis. De duivel vroeg hem wat er was, en hij vertelde dat hij bezorgd was om zijn huis nu het zo stormde. De duivel stelde voor dat hij een nieuw huis voor hem zou laten bouwen, dat klaar zou zijn eer de haan de volgende ochtend gekraaid zou hebben. De man moest hiervoor een contract tekenen en daarmee zijn ziel verkopen. Dit deed hij. Die nacht in bed vertelde hij zijn vrouw alles. Zij ging toen naar de schuur, en liet de haan kraaien, net voordat het huis af was. Alle timmerlui verdwenen op slag. Alleen de uilenborden waren nog niet af, en deze bleven ook later nooit meer vast zitten. Maar het contract met de duivel was niet geldig meer, en de man behield zijn ziel.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 428, verhaal 1

Commentaar

19 juni 1968
Voor de haan kraait boerderij bouwen

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21