Hoofdtekst
Gjalt Lindeboom fortelde: "Wy hienen sa'n lêst fan rotten, wy sieten der ûnder. Doe bitocht ik it folgjende. 'k Hie in fet. Dêr die 'k in goed hanbreed oardeheal wetter yn. Dêr lei 'k in stien yn en op dy stien lei 'k iten. 't Wie in reinwetterstonne.
Doe kom der in rot op 'e rânne fan 'e tonne en dy wipte der yn. Even letter kom der wer in rot dy gong ek op 'e rânne sitten en dy wipte der ek yn. Mar dy earste rot gunde de twadde it fretten net. De beide rotten pakten elkoar en bigongen to fechtsjen. Dat hearden de oare rotten. Doe gongen dy der allegear hinne. Op 't lêst wie de hiele tonne fol. Doe wienen der wol tachtich. Trochdat dy rotten allegear yn de tonne gongen kom it wetter omheech. Hwat mear rotten der yn kommen, hwat heger it wetter woarde. Sy binne allegear yn 'e tonne forsûpt."

Beschrijving
Een man had nogal last van ratten. Hij deed wat water in de ton en legde er een steen in met wat eten erop. Steeds meer ratten kwamen op het eten af, en sprongen in de ton. Doordat er steeds meer beesten kwamen, ging het water steeds hoger staan en zijn ze allemaal verdronken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 435, verhaal 3
Commentaar
7 juli 1968
Naam Overig in Tekst
Gjalt Lindeboom   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21