Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043507

Een sage (mondeling), zondag 07 juli 1968

Hoofdtekst

Taeke hie 't mar krap mei syn wyfke Gees.
't Wie yn 'e winter en sy hienen gjin brant. Doe gong Taeke der op út om hout. Hy seach in dikke iken stambeam lizzen. Dy krige er en hy sjoude him nei hûs ta. Njonken de doar smiet er him del.
It wie de beam fan in boer en dy gong de oare moarns nei de plysje ta. Hy sei: "Sy ha my de iken stambeam ûntstellen."
De plysjes komme by Taeke op it hiem en dêr sjogge se de beam lizzen.
"Dat is myn iken stambeam", seit de boer.
De plysjes krije har boekje en bigjinne to skriuwen.
"Ha jo dy stambeanm stellen?" freegje se.
"Ja", seit Taeke.
"Hwa ha jo dêrby holpen?"
"Net ien."
"Dat bistiet net", sizze de plysjes.
Mar hy seit: "'t Is wier."
"As dat sa is, dan forskuorre wy de dagvaarding en jo krije gjin preses, mits jo de beam dêr wer hinne sjouwe, dêr't er lein hat." Dat wie sahwat hûndert en fiif meter. Taeke nimt de iken stambeam op 'e nekke en bringt him wer nei de boer ta.
Hy wie frij.
(Dy man wie Taeke de Meer. Hy wenne oan 'e Houtigehaechsterwyk)


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Taeke was een vreselijk sterke man. Op een keer had hij geen brandhout meer, en hij haalde een boomstam van het erf van een boer. De volgende dag kwam de politie bij hem. Ze wilden maar niet geloven dat hij de boom alleen gestolen had. Maar als hij de boomstam ook alleen weer terugbrengen zou, zou hij geen proces krijgen. Dat heeft hij toen gedaan.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 435, verhaal 7

Commentaar

7 juli 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Taeke de Meer    Taeke de Meer   

Naam Locatie in Tekst

Houtigehaechsterwyk    Houtigehaechsterwyk   

Gees    Gees   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21