Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043506

Een sage (mondeling), zondag 07 juli 1968

Hoofdtekst

Taeke wenne yn in âld keetsje oan 'e Houtigehaechster wyk. Hy wie ôfgryslike sterk. Doe't er krekt troud wie mei Gees moest er fuort oan 't arbeidzjen. De baes sei: "Dû mast spoarbyls sjouwe. 't Is swier spoar. Jimme matte dat mei jimme seizen drage."
Taeke wie net sa hastich, hy knoeide hwat om. Doe woarde de baes hwat nidich op him omt er dy fiif man mar sjouwe liet.
Doe sei Taeke tsjin 'e baes: "Dat is niks, dat komt wol goed."
Doe krige er in hiel spoar allinne op en dat sjoude er achter dy mannen oan en dat brocht er toplak.
Doe seach de baes him raer oan en wie binaud foar him. Hy gong even letter nei him ta en sei tsjin Taeke:
"Sil ik jo ris hwat fortelle? Jo krije fan 'e wike ûntslach."
Tsjin 'e oaren sei er: "Ik bin sa bang foar him. As ik spul mei him krij, kin er my wolris dea meitsje."


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Taeke was een vreselijk sterke man. Hij moest op het werk eens spoorbielzen versjouwen, maar liet de anderen maar wat stuntelen. Toen zijn baas daar iets van zei, versjouwde hij in zijn eentje een hele biels. De baas was zo bang van hem, dat hij hem die week nog ontsloeg.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 435, verhaal 6

Commentaar

7 juli 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Taeke [de Meer]    Taeke [de Meer]   

Naam Locatie in Tekst

Houtigehaechsterwyk    Houtigehaechsterwyk   

Gees    Gees   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21