Hoofdtekst
Us heit syn broer Paulus hie us in skip kocht yn Terwispel fan in hellingbaes, dy wenne by de feart lâns. Hy farde der mei de Gordykster Kompenije yn. Dêr brocht er fracht hinne. Doe't er weromkom, tocht er, hy moest mar by de hellingbaes yn Terwispel oplizze.
't Wie tsjuster. Doe kom de healwize soan fan 'e hellingbaes by him yn 't foarûnder.
Der woarde hjir en dêr oer praet. De soan sei, hy woe in kear nei Aldegea ta, hwant dêr moest op 'e glêzen yn 'e tsjerke hwat biskreaun stean. Hy frege omke nei allerhande minsken. En soms flokte er sa grouwélich, dat Paulusom der binaud fan woarde.
Op 't lêst gong er fuort.
Hy wie noch net sa lang fuort, doe wie 't noait liker as kom der in keppel soldaten oan, dy't omdânsen op 'e lûken fan 't skip. En dat hâldde mar oan.
Omke hat der trije kear út west. 't Wie iderkear itselde lûd. Mar omke koe neat gewaer wurde. Nei de trêdde kear sei omke: "Nou gean 'k der net wer út."
Omke wie bliid, dat it dei wie, doe wie it stil. Hy hat gau makke dat er dêr wei kom.

Beschrijving
Een man kreeg in het vooronder van zijn schip eens bezoek van een halfwijze kennis. Hij praatte over rare dingen en vloekte veel. Toen hij weer weg was, hoorde de man elke keer rare geluiden buiten. Net alsof er een stel soldaten aan het dansen waren. Maar als hij ging kijken was er niets te zien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 436, verhaal 2
Commentaar
15 juli 1968
Naam Overig in Tekst
Paulus   
Gordykster Kompenije   
Gordijkster Compagnie   
Naam Locatie in Tekst
Terwispel   
Aldegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21