Hoofdtekst
Op Teade-hoekje ûnder Drachten, dêr hat in sekere Teade Wagenaar wenne. Dy ha se dêr deaslein.
Dat is sà gebeurd: 't Wie op in tongersdei. 't Wie dy deis wykmerk to Drachten.
Remmelt de Haan en syn soan Piter de Haan hienen earmoed mei Teade. Pake wenne der tichte by. Hy kom by harren om mei har fjouweren nei de merke ta. Mar sy gongen net mei. Doe gong pake allinne nei de merke.
Sy bleauwen mei har trijen achter. De rûzje roan sa heech, dat sy rekken oan 'e slach en de beide de Haans ha Teade omtrint dea slein.
Dêr wie net folle rinderije lâns, dat Teade woarde oan syn lot oerlitten.
De oare deis (freed) moesten de kooplju nei Ljouwert ta. Remmelt de Haan en heit roannen de skeanpaden del, mar Piter roan op 'e Pipe yn. Doe leefde Teade noch.
Doe stuts Piter Teade mei de stok yn 'e bek op. Doe gong er nei Ljouwert ta. Mar al gau kom 't biricht yn Ljouwert, dat Teade dea wie. Sy wisten fan 't kreauwen. Remmelt en Piter woarden yn Ljouwert oppakt en nei 't tuchthûs brocht.
Dêr bleauwen se jierrenlang. Remmelt is yn 't tuchthûs stoarn. De soan Piter is der wer útkom, mar hy is stapelgek woarn en is yn Frentsjer, yn 't gekkehûs stoarn. It plak dêr't Teade deamakke is, hyt sûnt altyd Teadehoekje. It gebeurde ± hûndert jier lyn.

Onderwerp
TM 2601
Beschrijving
Een vader en zoon hadden eens ruzie met een man. Ze sloegen hem bijna dood. De volgende dag ging de zoon weer terug naar de man en sloeg hem weer. Toen is hij echt doodgegaan. De vader en de zoon hebben jarenlang in de gevangenis gezeten. De plek waar de man is omgebracht, heet sindsdien 'Teadehoekje'.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 436, verhaal 3
Commentaar
15 juli 1968
Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen
Naam Overig in Tekst
Teade Wagenaar   
Remmelt de Haan   
Piter de Haan   
Frentsjer   
Teadehoekje   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21