Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043901

Een sprookje (mondeling), zondag 21 juli 1968

Hoofdtekst

Der wie ris in koaning.
Dy koaning hie in dochter, dêr koed er net in kant mei út. Hwant der wie net ien dy't tsjin har prate koe. Sy praette elkenien fêst.
Doe skreau de koaning yn 'e krante, as der ien wie yn it ryk, dy't syn dochter fêst sette koe mei praten, dy mocht mei har trouwe.
Der wennen yn dat ryk trije bruorren.
De iene hiet fan Jehannes, dat wie in skoalmaster. De twadde hiet fan Piter, dy wie doomny.
De trêdde wie in hiele ûnnoazelen-ien, dy wrotte en wrame altyd mar yn 'e groun om en koe fan alles neat. En dy wie ek net alto alto. Hy wie der dan ek hwat oer by de beide oaren.
Oege wie syn namme.
Doe't de beide âldsten de krante lêzen hienen, seinen se: "Dêr wolle wy hinne." Sy dienen de bêste klean oan en gongen op stap nei de koaning ta om syn dochter fêst to praten. Sy moesten gâns in ein reizgje. Mar Oege, dy't de oprop èk lêzen hie, gong har achternei.
Doe't se dat seagen, seinen se: "Hwat wolstû?"
"Ik wol èk nei de koaningsdochter ta", sei Oege.
"Dû?" seinen se, "dû hast hielendal gjin kâns." En sy laken him út.
Mar Oege sei: "Ik gean dòch mei."
De beide âldsten hienen jild, mar Oege hie net in sint yn 'e bûse. Dy wie sûnder niks.
De hiele dei reizgen se mei har trijen. Doe woarde 't joun en moesten se ergens oernachtsje.
De beide âldsten gongen nei in herberge, dêr brochten se de nacht troch. Mar Oege, dy't sûnder jild wie gong by in boer yn in heabult en joech him dêr del.
De oare moarns, doe't de beide oaren al op stap wienen, woarde Oege pas wekker.
Mar hy koe mei in boer mei ride op 'e wein en sa helle er syn beide bruorren yn. Doe't de wein by harren wie, stapte er ôf en roan wer mei har op. Doe seinen dy twa tsjin Oege: "Dû kinst better werom gean. Dû hast doch gjin kâns. Wier, jonge." Mar Oege gong net werom.
Underweis foun er in greate sek. Dy nom er mei. Syn bruorren seinen: "Hwat wolstû mei dy greate sek?" Hy sei: "Dêr kin 'k altyd op lizze ûnderweis, as it wêze mat."
In eintsje fierder foun er in hoep. Dy die er yn 'e sek. Wer in eintsje fierder foun er in greate pot. Dy die er ek yn 'e sek.
"Hwat hast doch hyltyd om hâns?" seinen syn bruorren.
"Hwat wolstû nou wer mei dy greate pot?"
Oege sei: "Dy kin miskien ek noch wolris fan pas komme."
Wer efkes letter foun er in greate houten koark. Dy die er èk yn 'e sek.
Doe foun er in deade ein. Dy kom èk yn 'e sek.
De bruorren seinen: "Hwat mankeart dy doch? Sa'n ein yn 'e sek!"
Mar Oege sei: "Alles hwat ik ûnderweis fyn, dat giet mei."
De middeis kommen se by 't paleis fan 'e koaning. Der wienen in hiele protte jonge mannen, dy kommen dêr wei. Dy hienen allegear har bêst dien de prinses fêst to setten.
Sy seinen: "Jimme hoeve der net hinne, hwant sy is net to fangen. Of binne jimme burgemeester of advokaet of doomny, it jowt jim allegear neat. Net ien dy't har fêstprate kin."
Mar de trije bruorren joegen sa gau net forlern.
Earst gong de skoalmaster der hinne. Mar dy kom al gauachtich werom. Hy koe har net fêstprate.
Doe de doomny der hinne. Dat gong al neat better. Hy kom ek ringen werom.
Doe wie Oege oan 'e beurt, mar sy woenen him net talitte. Hwant hy seach der sa sutrich út en hy hie in greate pet op 'e holle en in sek oer de nekke mei fan alles der yn.
Mar Oege joech net sa gau krimp en op 't lêst lieten se him der yn. Hy mocht èk by de koaningsdochter komme.
Doe't er foar de prinses kom to stean sei er: Goeijendach."
"Kinne jo net sizze fan Koninklijke Hoogheid?" sei de prinses.
"Dat haw ik noait leard," sei Oege, "hwant ik bin mar in gewoane boeresoan. Ik ha niks leard en noch noait fan hûs west. Hjir stean 'k, en nou matte jo mar prate sa't jo wolle."
Doe sei se: "Ik bin sa hyt, dat jo koenen wol in ein yn myn kont bakke."
Doe sei er: "Dat kin wol, hjir is in ein." En hy helle de ein ta de sek út.
"Ja, mar dan giet it fet fuort", sei se.
Hy sei: "Dêr ha 'k in pot foar", en hy liet har de pot sjen.
"As de pot nou mar net barst", sei se.
"Dan ha 'k in hoep," sei Oege, "dy set ik der omhinne."
En doe krige er de hoep út 'e sek.
"As der dan in gat yn falt?" sei se.
"Hjir ha 'k in koark," sei Oege, "dy set ik der dan yn."
Stil wie se. Se wist neat mear to bitinken. Oege hie har forslein.
Sy koe der net ûnder út, hy moest mei har trouwe.
En dat is èk gebeurd!
(meidield troch Simen Carbol út Haerlim)


Onderwerp

AT 0853 - The Hero Catches the Princess with her Own Words    AT 0853 - The Hero Catches the Princess with her Own Words   

ATU 0853 - The Hero Catches the Princess with her Own Words.    ATU 0853 - The Hero Catches the Princess with her Own Words.   

Beschrijving

De dochter van een koning praatte altijd iedereen vast. De koning liet in de krant publiceren dat al wie zijn dochter klem kon praten, met haar mocht trouwen. Drie broers besloten het te proberen. Onderweg vond de jongste een grote zak en alles wat hij verder vond – een eend, een pot, een hoepel en een kurk – nam hij mee. De twee oudsten werden klem gepraat door de prinses, net als vele voorgangers. Toen de derde broer bij de prinses kwam, zei ze dat ze zo heetgebakerd was, dat ze wel een eend in haar kont kon bakken. De jongeman zei dat dat prima was, en haalde voor haar de eend uit de zak. Ze zei dat dan het vet eruit zou lopen, waarop hij haar zijn pot gaf. Ze vroeg wat dan te doen als de pot zou barsten. Daarop nam de jongeman de hoepel uit zijn zak. Wat moest ze dan doen als er een gat in de pot kwam? Daar had hij wel een kurk voor. Toen wist ze niets meer te bedenken, en de broer mocht met haar trouwen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 439, verhaal 1

Commentaar

21 juli 1968
The Hero Catches the Princess with her Own Words

Naam Overig in Tekst

Simen Carbol    Simen Carbol   

Haerlim    Haerlim   

Naam Locatie in Tekst

Haarlem    Haarlem   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21