Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043902

Een mop (mondeling), zondag 21 juli 1968

Hoofdtekst

Der wie us in houthakker, dy hie trije dochters. Sy wennen yn in bosk en hienen it tige earmoedich. De trije dochters fortsjinnen der in bytsje by. De iene spile op 'e gitaer en de beide oaren songen dêrby. Dat dienen se as der merke wie yn it doarp.
De jouns foardat it merke wêze soe kom har heit thús mei in tige bêst sin.
"Nou ha 'k hjoed hwat bileefd!" sei er. "Ik foun in pot mei âlde koperen munten. 'k Ha der ien fan hâlden. Sjoch mar ris."
Doe liet er de munt oan 'e dochters sjen. 't Wie in gouden munt. De dochters seagen it samar.
"Hwer hat heit dy pot mei munten brocht?" fregen se. "Dêr ha 'k in tientsje foar bard", sei er. Hy liet it tientsje sjen.
Doe seinen se: "Hoefolle munten sieten der yn dy pot?" Hy wie oan 'e rânne ta fol", sei de houthakker.
"Dizze iene munt," sei de âldste dochter, "is mear wurdich as dat tientsje."
De froulju wienen net achterlik. Sy fregen hoe't de joad der útseach.
De houthakker sei: "Hy hat in baerdtsje en hy draecht in bril. En hy hat in swarte hege hoed op. Oan 't kofferke kenne jim him gau. Hy hat in brune koffer yn 'e hân. Dêr stiet op: 'Ik verkoop alles'.
De trije froulju seinen tsjin 'e houthakker: "Dy pot mei jild krije wy werom."
De jouns let gongen se mei har trijen nei it doarp ta nei de merke. Se fregen dêr de loazjeminthâlder of se dêr ek oernachtsje koenen. Mar dêr wie gjin plak mear. De trije froulju hâlden lykwols oan, sy mòesten ûnderdak ha.
Doe sei de loazjeminthâlder: "Ik ha noch al in keamer, mar dan matte jimme dy diele mei in joad."
Nou, dêr hienen se neat op tsjin. Dêr wie 't har krekt om to dwaen, mar dat seinen se net tsjin 'e loazjeminthâlder.
Doe woarden dêr twa ledikanten yn dy keamer set.
Doe't se mei de joad kommen to praten, fornommen se al gau dat dit de echte wie. De pot mei jild hie er yn 'e koffer ûnder syn ledikant stean.
Doe frege de joad oan 'e âldste fan 'e trije dochters: "Hwa binne jo?"
"Dat wol ik eins net tsjin jo sizze," sei se, "dêr skamje ik my hwat foar, hwant it is sa raer."
"Siz dat nou mar," sei de joad, "hwat kin my dat skele."
"Ja mar 't is sa'n rare namme!" sei se.
Mar doe't de joad noch langer oanhâldde, sei se:
"Ik heet: Ik moet schijte."
Doe frege de joad de twadde dochter: "Hoe hystû?"
"Dat wol 'k net heal sizze," sei dy, "jo kinne prate sa't jo wolle."
Doe sei de joad: "Jo krije in lekker glês fan my to drinken as jo sizze hoe't jo hite."
Doe sei se: "Myn namme is: Ik heb gescheten."
Doe woe de joad ek noch wite hoe't de trêdde hiet. Dy woe 't him earst ek net fortelle, mar op 't lêst kom er it doch to witen.
"Myn namme is: - Poets mijn gat -" sei se.
Doe wie 't tiid fan op bêd.
Doe't de joad goed en wol slepte doe pakten se gau de pot mei gouden munten ta de koffer út en sy leinen it tientsje der foar yn 't plak.
Doe smearden se him hurd en makken dat se thús kommen yn 'e nacht.
De moarns ûntdekt de joad dat de pot der út is. Hy bigjint to roppen oan 'e earste faem: "Ik moet schijte!" De ober heart it en seit: "Bring him de pot."
Doe bigong de joad oan 'e twadde jongfaem to roppen: "Ik heb gescheten!"
Doe sei de ober: "Hat dy forrekte joad al op 'e keamer skiten."
Doe bigong de joad om 'e trêdde faem to roppen: "Poets mijn gat!"
Doe sei de ober: "Bist nou alhielendal idioat, dat ik by dy kom om dyn kont ôf to pûtsen!"
(Dit waerd my yn Haerlim forteld troch in âld mantsje, in sekere Carbol)


Onderwerp

AT 1545 - The Boy with Many Names    AT 1545 - The Boy with Many Names   

ATU 1545 - The Boy with Many Names.    ATU 1545 - The Boy with Many Names.   

Beschrijving

Er was eens een houthakker met drie dochters. Hij kwam op een dag thuis en vertelde dat hij een pot met koperen munten had gevonden. Deze had hij voor een tientje verkocht aan een jood. Een munt had hij bewaard, en de dochters zagen meteen dat het een gouden munt was. Ze wisten dat de pot veel meer waard was dan het tientje, en besloten de pot terug te halen. Ze gingen naar de herberg en vroegen de herbergier om een kamer. Ze wisten het zo te regelen dat ze bij de jood op de kamer kwamen. Ze raakten aan de praat, en de jood vroeg hen naar hun namen. De oudste zei dat ze 'Ik moet schijten' heette. De tweede 'Ik heb gescheten' en de derde 'Poets mijn gat'. Die nacht, toen de jood sliep, gingen ze ervandoor met de pot munten, en lieten het tientje achter. Toen de jood de volgende ochtend ontdekte dat zijn munten verdwenen waren, riep hij de oudste dochter: "Ik moet schijten!" De ober hoorde hem en zei: "Breng hem de pot." Toen riep de jood de tweede dochter: "Ik heb gescheten!" De ober zei: "Die verrekte jood heeft al op zijn kamer gescheten." Toen riep de jood de derde dochter: "Poets mijn gat!" Daarop zei de ober: "Is hij nou helemaal idioot, dat ik bij hem kom om zijn kont af te vegen!"

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 439, verhaal 2

Commentaar

21 juli 1968
The Boy with Many Names

Naam Overig in Tekst

Simen Carbol    Simen Carbol   

Haerlim    Haerlim   

Jood    Jood   

Naam Locatie in Tekst

Haarlem    Haarlem   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21