Hoofdtekst
To Feanwâlden, op 'e hoeke fan 'e Westerwâl wenne Fokke Boonstra. Hy wie bakker en wie ôfkomstich fan Burgum. Hy sutele altyd mei syn breaspullen en hie ek klanten yn Burgum sitten en dêromhinne.
"t Wie op in winter en 't iis wie sterk. Doe fytste Boonstra oer de Burgumermar, om gauwer by syn klanten to wêzen. Dat die er altyd as it sterk iis wie, hwant dat snie in hiel stik ôf.
Mar doe woarde it tij-waer. Doe die er it noch wol faek. Hy weage it lang.
Doe sei syn frou: "Dû mast net wer oer de Mar fytse, hwant ik ha dy fannacht foar my hawn, doe sakkest troch 't iis en forsûpste."
Mar hy die 't al. 't Wie sa maklik binnentroch.
Hy is dy kear fordronken.
Syn frou hie 't allegear yn 'e nacht sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een bakker fietste in de winter vaak over het ijs naar zijn werk, omdat dat een stuk korter was. Op een keer waarschuwde zijn vrouw dat hij die dag niet over het ijs moest gaan. Ze had die nacht voor zich gezien dat hij door het ijs zakte en verdronk. Maar de man ging toch over het ijs, en inderdaad is hij verdronken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 450, verhaal 7
Commentaar
10 augustus 1968
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Westerwâl   
Fokke Boonstra   
Burgumermar   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâlden   
Veenwouden   
Burgum   
Burgumermeer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21