Hoofdtekst
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn.
In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju.
Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr sit fan alles yn. De lju dy't lêst hienen fan in tsjoenster, gongen nei in duvelbander. Dat wie froeger Greate Wopke fan Kûkherne. Dy joech in drank mei, dan wienen de lju ornaris gau wer better.
De tsjoensters bitsjoenden de bern troch se goed sterk oan to sjen. Dat ha se by ús froeger ek wol dien. Dan seinen heit en dy: "'t Is net foar elkoar." As de tsjoenster fuort wie, wie 't bern siik. Dan gong heit wer nei greate Wopke ta, en krige in drankje en dan kom 't wer foar elkoar. Wopke hie 't altyd by 't rjochte ein.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Heksen kunnen zichzelf in mooie dikke katten veranderen. De heksenkatten zijn altijd grijs, nooit bont of zwart. Als zo'n kat uit toveren gaat, ligt de heks stil en wezenloos op bed. Een heks betovert vooral kinderen door die strak aan te kijken. Ook vrouwen - nooit mannen - hebben last van hekserij. Een betoverde kan genezen worden met een drankje van Wopke de duivelbanner. Wopke heeft het altijd bij het rechte eind.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 451, verhaal 21 (archief MI)
Commentaar
17 augustus 1968
Heks maakt kind (mens) ziek en SINSAG 0669 Zauberer ist an mehreren Stellen zugleich
Naam Overig in Tekst
Greate Wopke   
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21