Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ045208

Een sage (mondeling), donderdag 05 september 1968

Hoofdtekst

Wy wennen yn in hûs yn Limburch yn Geleen. Myn man hat dêr yn 'e minen west. 't Wie in great hûs. Wy joegen der f 19.25 hier yn 'e maend.
Der wenne in Dútse frou njonken my. Die sei tsjin my: "Haben Sie keine Angst?"
"Né," sei 'k, "hoedat sa?"
"Es spuckt da in das Haus."
"Ik bin net bang", sei 'k.
Doe't wy de nachts op bêd leinen, gong 't der oan wei yn 'e hûs, dat it raer wie. Wy slepten boven en ûnder ús wie 't ien stik lawaei. Earst tochten wy dat it yn it hûs fan ús buorlju wie. Doe't wy 't mem fortelden, sei dy: "Pas mar op, dat it spûk dy net passeart by nacht op 'e trap. 't Kin dy wol nei ûnderen triuwe."
"Och," sei 'k, "mem mei har spoek."
Moarns wie alles altyd wer normael, wy hienen der allinne yn 'e nacht lêst fan.
Wy wennen in skoftlang yn in lyts keammerke foar. Dan wie 't yn 'e greate keamer achter as it joun wie allegear leven. Wy hearden dan stappen troch de achterkeamer gean. Mar as wy der hinne gongen to sjen wie der neat. Us âldste hat wol hiel hurd nei de kelder roan as de stappen der wienen. Mar noait hwat fornom.
Wy binne doe nei de greate achterkeamer gong to wenjen. Dan woarde der op 'e doar kloppe. Dan seinen wy: "Der is ien." Mar der wie noait ien as wy de doar iependienen.
Wy ha dêr oardehiel jier wenne.
Sy ha dêr froeger in jongfaem formoarde. Dêr matte al dy lûden fan kom wêze.

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

In een spookhuis is 's nachts altijd lawaai, druk rondstappen, te horen. Ook wordt er vaak op de deur geklopt, hoewel er niemand te zien is. In het huis is vroeger een meisje vermoord.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 452, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

5 september 1968
Andere Tote spuken.

Naam Locatie in Tekst

Limburch    Limburch   

Geleen    Geleen   

Dútse    Dútse   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21