Hoofdtekst
Myn heit kom fan Lúxwolde yn Grinslân. Hy hat yn Greategast by de boer tsjinne as feint. Doe hied er al forkearing mei mem. De wask brocht er altyd fuort. Dan gong er in smel paedtsje lâns mei klaphekjes. Dat is der nou net mear, dat paedtsje.
Op in joun hied er de wask wer nei 't doarp brocht. Hy kom werom en roan dat paedtsje lâns. 't Wie al let. Hy tocht der komt noch ien oan, hwant der wie ynienen in houn net sa fier fan him ôf.
Sa't er dat tocht, woarde er slein, en wol sa bot as er noch noait slein woarn wie. Mar hy hat noait in minske sjoen. Doe hied er geritsel heard. Hy tocht: dit is it spoek, mar hy hie 't net sjoen.
Letter sei er: "Sy kinne my noait wer wiismeitsje, dat der neat bistiet, ik ha 't oan eigen liif ûnderfoun."

Onderwerp
SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   
Beschrijving
Een boerenknecht wordt plotseling opgeschrikt door een hond. Het volgende moment wordt hij verschrikkelijk hard geslagen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 452, verhaal 9 (archief MI)
Commentaar
5 september 1968
Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Overig in Tekst
Greategast   
Naam Locatie in Tekst
Lúxwolde   
Grinslân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21