Hoofdtekst
Us mem fortelde, der wie us in kjirdel, dy flokte faek op 'e bern om. Dy godfordommese bern! plichte er to sizzen. Dat gong de duvel wol nei 't sin.
"Duvelse jonge, kom hjir us", sei er om 't oare wurd. As er dan wer hiel bot op 'e bern omflokt hie, kom de duvel der oanfleanen en bigoun mei jild to smiten. De duvel tochte: op in duer krij ik him hielendal wol yn myn nacht.
Hy sei us in kear tsjin him: "Dû krijst noch folle mear jild fan my, astû even op dit feltsje papier dyn hantekening setste."
"Né," sei dy kjirdel, "dat doch ik net."
Mar syn buorkerij wie hiel âld en op in kear brânde it ôf.
Doe kom de duvel wer.
"Ik sil der in nij spul foar yn 't plak sette," sei er, "en dat is klear foardat de hoanne kraeit. Mar dan mastû even dyn hân sette. As it net klear is op 'e tiid, jildt it net."
De man sette syn hân mei bloed.
Syn wyfke wie snoad. Dy bigong yn 'e iere moarn de hoanne wekker to meitsjen. Doe wie de pleats noch net klear. De hoanne kraeide en de ûlebuorden moesten der noch yn.
Doe koe de duvel oppakke mei syn hiele oanhang.
Mar in ûleboerd ha se der noait op krije kind.

Onderwerp
VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen   
ATU 0810A* - The Priest and the Devil.   
Beschrijving
Een vloeker die vaak de naam van de duivel gebruikt in zijn verwensingen, wordt vaak bezocht door de duivel. De duivel probeert de man volledig in zijn macht te krijgen door met geld te smijten. De duivel biedt hem nog meer geld als hij een handtekening op een papier wil zetten. De man weigert. Als de boerderij van de vloeker afbrandt, biedt de duivel aan - in ruil voor de ziel van de vloeker - een nieuwe plaats te vervaardigen. De plaats moet echter klaar zijn voor de haan kraait. De man ondertekent een contract met een handtekening in bloed. Als de duivel niet op tijd klaar is, geldt het duivelspact niet. De vrouw van de vloeker verhindert de duivel haar man in zijn macht te krijgen door de haan eerder wakker te maken. De haan kraait als de duivel de boerderij bijna af heeft - op de uilenborden na. De duivel is genoodzaakt te vertrekken. Het is nooit meer gelukt uilenborden op de plaats te zetten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 453 verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 juni 1968
Voor de haan kraait boerderij bouwen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21