Hoofdtekst
Ik haw by myn broer yn 'e Westerein frijgeselle. Doe wie 'k sahwat njoggentsjin jier. Ik wie dêr altyd. En 'k wie noait bang. Op in kear gong 'k dêr wei, let op 'e joun. 'k Wie altyd let. 'k Wachte altyd de lêste tram fan healwei tolven ôf. Ik kom út 'e Westerein wei yn 'e nacht, doe komt my dêr in houn op side, sa great as in keal. Dy rint deun njonken my lâns.
"Bêst hountsje", sei 'k, mar 'k wie binaud. It ding sei neat en 't roun tsjin myn skonken oan. Ik hie wol foar 't forstân dat it in pleachbeest wie. Ik wie wol sa binaud dêr op dy tsjustere wei.
By 't kanael by de brêge brânde in lantearne. Ik tocht: "Wie 'k dêr mar."
Doe't wy yn 't ljocht kamen, doe bleau er achter my.
By de brêge wie 'k him kwyt. Mar doe moest ik de Spoekloane noch del en dêr wie 't wer roettsjuster. En ja, doe wied er wer njonken my. Deun roan er tsjin my oan. Hy wie swart.
Doe't ik de ring fan ús doar beet hie, bin 'k der sahwat yntûmele. Sa binaud hie 'k it.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een jongen wordt laat op de avond opgeschrikt door een zwarte hond ter grootte van een kalf. Hij heeft de grootste moeite het dier van zich af te schudden. Het is een plaagbeest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 460, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
18 augustus 1968
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Spoekloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21