Hoofdtekst
Douwe Feddema koe omraek fortelle.
"'k Sei tsjin Antsje, wy matte moarnier nei Readtsjerk ta", fortelde hy ris in kear. Antsje wie syn wiif. - Wy - , dêr bidoelde er himsels en de fyts mei.
"'k Sei tsjin Antsje, moarnier bitiid der ôf." Goed. Ik de moarns de fyts út it hok. Doe sei it ding (d.i. de fyts) tsjin my: "Hwer wolst mei my hinne?"
"Nei Readtsjerk", sei 'k.
Dat ding sei niks.
Ik sei tsjin 't wiif: "Moarn, Antsje."
Dêr rieden wy hinne de hege dyk del.
Wy kamen by Knjillis Jeltema lâns op Leechfinne. Dêr stie Antsje (de frou fan Knj. Jeltema) mei de bleate earms oan 'e skouder ta, in ûnderrokje oan en dêr in byntlyfke boppe.
Doe sei it ding tsjin my: "Sjochst it wol, Douwe?"
Ik sei: "Ja."
Dêr giet Antsje yn 'e fierste hoeke fan 'e krite fan it lân en dêr stapt se hinne. Dêr komt in wyt hynder oan. 't Stie yn 'e hoeke fan 't lân. Dat moest foar de molkkarre. Mar Antsje giet achter 't hynder stean. Hja set it hynder beide hannen op 't gat en wip, dêr sit se der op en dat rydt nei hûs ta. Dêr springt se der wer ôf.
It hynderke bliuwt dêr stean, mar Antsje giet achterút nei de muorre ta. Dan set se har hannen fan achteren tsjin 'e muorre oan en sa giet se troch de hiele muorre hinne yn 'e hûs. De muorre bleau hiel. Doe wie Antsje wer binnen.
Ik ried wer fierder. 'k Soe nei Readtsjerk.
Doe sei dat ding tsjin my: "Hwer wolst mei my hinne, Douwe?"
"Even nei Readtsjerk, dat wytst wol", sei 'k.
Hy sei tsjin my: "'k Soe mar werom gean, Douwe."
"Hwat nou jonge," sei 'k, "wy binne der gau. Wy geane net werom."
"Nou," sei er, "ast net werom wolste, dat mastû wite, mar ik brek. Dan kinst my drage. Ik wol net fierder."
En fordomd, it gebeurde ek, hy briek.
Doe moest ik him nei hûs ta drage.

Beschrijving
Er worden leugenachtige verhalen verteld over een pratende fiets en een vrouw die door de muur van haar huis heen vliegt zonder de muur te beschadigen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 460, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
18 augustus 1968
Naam Overig in Tekst
Douwe Feddema   
Antsje   
Knjillis Jeltema   
Leechfinne   
Knj. Jeltema   
Douwe   
Naam Locatie in Tekst
Readtsjerk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21