Hoofdtekst
Jierren lyn hat hjir achter ús in húske stien, dêr wenne in âld minske yn: Sjirke Sjerk mei har soan Earnst. Op in joun kommen se ús togearre foarby. Doe sei 't âld minske: "Alle jounen as wy hjir lâns geane, is der in dikke wite kat by jimmes. Sjogge jim dy noait?"
"Né", sei 'k.
"Ja," sei Earnst, "dy is hjir alle jounen."
Hwat gebeurde? Ik rekke ridlik gau dêrnei nei Staveren to ûngetiidzjen. Mei tiemjen rekke myn earm stikken. 'k Hie der mar tsien dagen west. Doe kom ik mei in stikkene earm thús.
Ik hie altyd sjitterij. 't Gewear stie altyd laden.
Doe't ik thús wie, sei myn wiif: "Hjir binne jouns altyd in keppel katten om 'e doar, dy frette my de jonge piken op."
Ik sei: "Ik bin nou thús, ik weef der wol mei ôf."
De jouns sieten ik en 't wiif en 't âldste fanke njonken 't hûs bûtendoar. "Sjoch," sei myn wiif, "dêr komt wer in kat oan." Ik helle stikum 't gewear en seach hoe't de kat tsjin 't gaes opfleach om in pyk to snappen.
Ik skeat him dea. Sa haw ik dy wyks sawn katten delsketten. Alde Richt har kat wie dêr ek by.
Doe seach ik koarte tiid dêrnei de wite kat, dy't Sjerk en Earnst hjir al earder sjoen hienen njonken it hûs. Ik tocht: "'k Sil dy de reis ek jaen." Ik bin in tûke sjitter, al siz ik it sels en ik rekke him goed. It hier fan 'e kat stoude boppe ta de koppen fan 'e ierpels út. Ik tocht: "Nou is er dea."
Mar in pear jounen letter wie poeke der wer.
Oant nou ta hie 'k lichte hagel yn 't gewear hawn, nou die 'k der swiere yn. Mar ik koe sjitte sa bot ik woe, dy wite kat joech gjin bilies. Dy wie net to sjitten. Hoe faek ik him net rekke ha, 't joech allegear neat. Hy wie kûgelfrij.
It hat in tsjoenster west. Ik fortink der ien fan.

Onderwerp
SINSAG 0592 - Hexentier kann nicht getroffen werden
  
Beschrijving
Het lukt een man maar niet een witte kat neer te schieten. De kat is kogelvrij: het is een heksenkat.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 464, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 september 1968
Hexentier kann nicht getroffen werden
Naam Overig in Tekst
Sjirke Sjerk   
Earnst   
Alde Richt   
Sjerk   
Naam Locatie in Tekst
Staveren   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21