Hoofdtekst
Ik hie spul hawn mei myn âlden, doe kom ik by myn broer Ielke yn 'e hûs. Dêr krige ik ek spul mei, doe kom ik by myn âldste broer yn 'e kost. Dêr wie 't earmoed troef. Syn frou hat sechstjin ûntidige bifallingen hawn, dy bern binne allegear weirekke op 'e dei fan 'e geboarte. Mar trije binne yn leven bleaun, dy binne der nou noch, mar 't binne eins stumpers.
Op in joun kom ik thús. Ik sei tsjin Anders: "Hwer is 't wiif?"
"Sy leit op bêd", sei Anders.
"Is 't wer sa fier?" sei 'k.
"Ja," sei er, "sy is wer yn forwachting." It wie fan in maend of seis.
Myn oare broer wie der ek. Dy hie nei dokter ta west, nei dokter Keizer fan 't Surhústerfean, mar dokter wie net thús.
Ik sei: "Dan sil ik hinne. Dokter sil hjir komme."
Doe gong ik nei lju om in fyts to lienen, 't wie in buorman. Ik sei sa en sa. Mar hy woe de fyts net liene. Doe gong 'k nei in oaren-ien ta. Dêr krige ik in fyts. Doe ik nei dokter ta. Hy siet by van Manen yn 'e kroech. Ik lei dokter de saek út. Hy sei: "Wie betaalt het?" Ik sei: "Dêr stean ik foar. Jo kinne fuort de sinten krije." Hy sei: Ga maar gauw naar de koetsier."
Mei de bifalling wie ik der net by. Dêr wie 'k to skruten foar.
Op in greate matstoel mei knoppen lei it buorwiif in pakdoek. Doe lei se dêr in popke op fan sa'n fyftsjin c.m. 't Wie hiel koart, mar 't wie folwoechsen. In skoftsje letter lei se der wer ien by. 't Wienen in jonkje en in famke. 't Iene popke wie fuort dea, 't oare hat sahwat in trije kertier leefd.
Hwat se doe meielkoar bipraet ha, wyt ik net. Mar dokter hat de beide popkes yn in pakdoek dien en dy tichtknypt. Sa nom er se mei yn 'e tas. Hy hat se thús op sterk wetter set, seinen se. Hy hat se net oanjown. Letter kom Jehannes Bos dêr ris lâns, by 't sté dêr't myn broer wenne hat. Dêr wie doe noch bosk en heide. Doe hienen dêr twa hiele lytse neakene wezentsjes omdânse.

Onderwerp
SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   
Beschrijving
Een echtpaar leeft in armoede. De vrouw heeft van zestien kinderen slechts drie kinderen kunnen behouden: dertien zijn er gestorven op de dag van geboorte. Als ze weer zwanger is, baart ze een tweeling. De tweeling sterft al gauw. De tweeling bleef na de dood naakt rondspoken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 464, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 oktober 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).
Naam Overig in Tekst
Ielke   
Anders   
Keizer   
Manen   
Jehannes Bos   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21