Hoofdtekst
Ik soe us op in joun nei Houtigehage nei de faem ta. 't Wie ljochtmoannewaer. Underweis hearde ik ien oankommen. 'k Seach om my hinne, mar der wie neat. Wy hienen doe ûnderbroeken oan mei bannen ûnder 'e knibbels fêst en mei in bûse der yn. Yn 'e bûse hie 'k in mes, dat hie 'k yn Dútslân kocht fan in Italiaen. Dêr siet forgif oan. Dy't dêr in sneer mei krige gong dea. Doe kom der in houn njonken my, sa heech as in grou keal en mei egen, sa great as thépantsjes.
Fierder wie der neat. Ik hie de dolk yn 'e hannen en soe tarame. Mar doe wie de houn fortrokken.
Doe't ik in eintsje fierder wie, noch net oan 'e Houtigehage ta, stuts ik yn 'e herberch oan. Dêr gong 'k ta de flesse.
Nei hûs ta kom ik itselde paed wer del. Ik sei by my sels: "Nou mei er wol komme." Mar hy kom net.
"Hwat bistû wyt om 'e kop", sei myn suster, doe't ik thúskom. Ik fortelde hwat der gebeurd wie.
Myn mem wie grifformeard. Myn suster fortelde mem de tadracht. Mem sei, 't hie de kweade west, dy't it op my forsjoen hie.

Onderwerp
SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   
Beschrijving
Een man wordt bij lichtmaan plotseling opgeschrikt door een hond ter grootte van een kalf met ogen zo groot als theekopjes. De gereformeerde moeder van de man denkt dat het de duivel geweest is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 464, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 oktober 1968
Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Overig in Tekst
Italiaen   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Dútslân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21