Hoofdtekst
Heit syn suster wenne by 't Dwarsdjip yn in spitkeet. Auke-om dat wie har man. Sy hienen in dochter, dat wie Jantsje, dy wie hyltyd sa binaud.
Heit sei tsjin Auke-om: "Sil 'k dy sizze, wy matte foar Jantsje nei Frânse Hinke ta."
Heit en Auke-om gongen nei Rottefalle mei in himdtsje fan 't bern.
Hinke frege: "Hat it famke dêr en dêr ek hwat hawn? Hat se reade woartels hawn fan 't minske?"
"Dat wyt ik net", sei Auke-om.
"'t Bern hat in ôfgrysliken pine," sei Hinke, "ik sil har gau de pine ûntnimme."
Heit kom thús by mem. Mem siet by 't petroaljelampke. Mem sei tsjin heit: "Hwat die Jiske Wyts by Auke en dy? Hja is nyskes dêr ûnder 'e doar troch krûpt mei in swarte polkemûtse op." Mem hie dúdlik sjoen dat it Wyts wie. Wyts wie in tsjoenster.
"Dat frommes moesten se de bonken brekke", sei heit.
Hinke hie sein; it frommes, dêr't Jantsje de reade woartels iten hie, moesten se de doar wize. Dat wie Jiske Wyts.
Doe't se thús kommen hie 't fanke gjin pine mear.
Hinke hie in drank meijown. Jantsje knapte moai wer op en woarde wer better.
Us mem spinde wol om der hwat by to fortsjinjen. Hwant it wie in greate húshâlding by ús, wy hienen 't och sa earm. Wy hienen gjin jild om in spinwiele to keapjen. Dêrom hierde mem altyd in spinwiele fan Jiske Wyts foar in dûbeltsje yn 'e wike. Mar doe woe se 't mem net mear útliene. Sy sei: "Hwat hie Jelle (dat wie ús heit) der mei noadich om mei Auke nei Frânse Hinke ta?" Mem krige 't spinwiele net mei.
Doe rekke ik siik. Ik wie noch in jonkje. Heit sei tsjin myn âldste suster: "Gean dû mei him nei Frânse Hinke ta."
Hinke sette in potsje oer 't fjûr. Dêr makke se in drank fan klear.
"As er dizze drank op hat, is er klear", sei se. "Jimme matte der om tinke, hy mat net by it frommes komme dat jim yn 'e gaten ha." Dat wie Wyts.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een ziek kind blijkt betoverd: duivelbanner Frânse Hinke raadt een bepaalde vrouw - de heks - voortaan de deur te wijzen en geeft een drankje mee. Het kind geneest. Dezelfde heks heeft later ook de verteller zelf - toen nog een jongetje - betoverd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 465, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
22 september 1968
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Dwarsdjip   
Auke-om   
Jantsje   
Frânse Hinke   
Auke   
Jiske Wyts   
Wyts   
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Hinke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21