Hoofdtekst
Bontsje Knjillis wie mei de helm geboaren. Hy wenne oan 't spoar ûnder Kollumersweach (Knj. Veenstra).
Wit hoe faek woarde der yn 'e nacht by him kloppe. Dan moest er út bêd wei en de wei út. Soms moest er hiele einen rinne. It is wol gebeurd dat er hielendal nei 't tsjerkhôf fan Kollumersweach ta moest. Dêr woarde dan ien bigraven. Dat moest hy sjen. 't Wie meast yn 'e nacht.
Hy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter ek fan tofoaren sjoen. Doe't de kiste by him oer de flier stie koe hy de rotten der mei de heafoarke hast net by wei hâlde.
Hy hat de bigraffenis fan syn soan ek sjoen. Dy wenne yn Grinslân. Dy hat him hjir by syn heit en dy yn 'e parrebeam ophong.

Onderwerp
SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   
Beschrijving
Een helmdrager moet er 's nachts altijd uit om dingen te zien. Hij voorziet vaak 's nachts begrafenissen. Hij voorzag zelfs de begrafenis van zijn eigen zoon en dochter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 468, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
20 augustus 1968
Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Bontsje Knjillis   
Knj. Veenstra   
Naam Locatie in Tekst
Kollumersweach   
Grinslân   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21