Hoofdtekst
Oan 'e Boskwei yn 'e Westerein wie snein-to-jouns altyd in keppeltsje jongfolk op it Singeltsje. Sy sieten dêr in soad to kaertspyljen, sy wienen ek wol oan 't knikkertsjen om sinten en oan 't streekjesmiten en sy dobbelen dêr ek wol. 't Wie in sânpaed.
Doe't ik dêr in joun us op 'e Boskwei wie, hearde ik ynienen ien razen. 't Wienen rare geluten. Ik sjen en sjen mar ik koe neat gewaer wurde.
De oare deis wienen dyselde geluten der wer. Mar doe wie 't echt. Doe lei dêr in jonge yn 't wetter, dy't net swemme koe. Hy wie omtrint forsûpt, mar Jan Durks van Kammen hat him noch krekt op 't lêste nipperke ret. Hy sleepte him oer 't skouder der út. 't Wie Ielt de Jong, in soan fan Bouke Minke.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een man hoort plotseling geschreeuw, hoewel er niets te zien is. Het is een voorbode: de dag erop hoort hij dezelfde geluiden als een jongen die niet kan zwemmen bijna verdrinkt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 468, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
20 augustus 1968
Vorbedeutung anderer Ereignisse.
Naam Overig in Tekst
Singeltsje   
Jan Durks van Kammen   
Ielt de Jong   
Bouke Minke   
Naam Locatie in Tekst
Boskwei   
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21