Hoofdtekst
Ik hie op in saterdei-to-joune nei de faem ta west. Dy wenne yn 'e Broek. Let yn 'e nacht kom ik werom. Ik kom oer de brêge dy't oer de Swemmer leit.
Doe tocht ik: Heare, hjir ropt ien fan help. Mar ik seach neat en it lûd wie ek samar ynienen fuort. Mar doe't ik in wike letter krekt om deselde tiid dêr wer lâns kom, doe hearde ik in ploemp yn 't wetter. Ik ha fuort in boatsje krigen, mar it roeide min. It waeide sa bot en 't gong yn 'e wyn op. It gesicht fan de persoan ha 'k noch sjoen, mar ik koe him net rêdde. Doe wie er al sonken. It 'help'- roppen ha 'k noch dúdlik heard.
Deselde nachts noch ha de skipper Gaukema en de plysje de drinkeling opdregge. 't Wie Theunis Elzinga.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een man hoort hulpgeroep uit het water en ziet duidelijk het gezicht van de hulpbehoevende. Het is een voorbode van een op handen zijnde verdrinkingsdood: dezelfde nacht wordt de drenkeling opgedregd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 468, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
20 augustus 1968
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Swemmer   
Heare   
Gaukema   
Theunis Elzinga   
Naam Locatie in Tekst
Broek   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21