Hoofdtekst
Yn 'e 'Koekoek' (in herberchje to Sumar, dat is der nou nòch) wienen us trije man út 'e Harkema, dy jagen elk der út. Doe rôp de kastlein de plysje der by. Dat wie âlde Saljé. Dy moest komme.
Mar Saljé dy doarst net. It wie de dei fan Burgumer merke en dêr wienen dy trije fan 'e Harkema weikom. Doe gong âlde Saljé nei Folkert poatskipper (= v.d. Meer). Hy praette Hollânsk. "Ik weet niet, Folkert, kun je niet even komen?" sei er. "Er zitten drie man in de 'Koekoek' en die jagen alles er uit."
"Dan mat ik even by Melle sjen", sei Folkert.
Doe gongen dy beide nei de 'Koekoek'.
"Hwat sil dit?" seinen de mannen fan 'e Harkema.
"Wy matte hjir even yn sjen", sei Melle. "Astû nou dêr stean gieste, Folkert, dan gean ik hjir even stean."
Folkert pakte ien fan 'e mannen en smiet him Melle ta. Melle smiet de twadde Folkert ta. Sa heineballen se mar mei dy keardels om. De trêdde naeide út.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een bange politieagent schakelt twee sterke maten in om drie lastpakken uit een herberg te verwijderen. De twee krachtpatsers 'handballen' door twee van de drie maten heen en weer te gooien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 471, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 april 1968
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Koekoek   
Saljé   
Burgumer   
Folkert   
v.d. Meer   
Hollânsk   
Melle   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21