Hoofdtekst
Melle en âlde Tsjibbe Pebesma fisken beide op 'e Burgumer Mar. It wienen konkurrinten en sy koenen net to bêst mei elkoar. Tsjibbe wie hwat ôfgunstich op Melle.
Tsjibbe hie syn fiskerboat yn 'e Sumarre skipfeart. Dy woe hy der even út ha, hwant dy moest fan ûnderen opnij yn 'e tar set wurde.
Mei twa man wie Tsjibbe der mei oan 't lûken, om dy fiskersaek der út to krijen, mar sy koenen 't net rêdde.
Tsjibbe sei: "Wy gean hjir mar wei, dêr komt Melle ek oan." Hy woe net ha dat Melle helpe soe.
"Fan 'e middei," sei er, "kin ik noch wol twa man meinimme. Mei ús fiven krije wy him der wol út."
Sy gongen fuort. Mar Melle hie de saek wol troch. Melle lei de fiskerboat del en luts de aek fan Tsjibbe allinne op 'e kant. Doe't Tsjibbe dêr de middeis wer kom mei fjouwer man, lei de aek al moai op 'e wâl.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Twee concurrerende vissers kunnen niet zo goed met elkaar opschieten. De ene visser wil niet dat de andere visser hem helpt zijn bootje op de wal te leggen. Als hij net vijf mannetjes geregeld heeft om de boot op te tillen, tilt de andere visser - die uitzonderlijk sterk is - de boot in zijn eentje op de kant.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 471, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 april 1968
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Melle   
Tsjibbe Pebesma   
Tsjibbe   
Naam Locatie in Tekst
Burgumer Mar   
Sumarre   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21