Hoofdtekst
By 't Krúswetter to Warten lei froeger altyd in fisker mei syn aek. Dy hie dêr nachts in tichtset.
Hy wenne dêr mei syn dochter yn 'e aek.
Yn 'e nacht kaem dêr in doomny lâns. Dy gong oer 't wetter hinne. Sy leinen krekt mei de aek op it plak dêr't dy doomny oer 't wetter stapte.
Op in kear wie de dochter allinne thús. Doe seach se ien stean oan 'e oare kant. Sy tocht dat it har heit wie, mar 't wie dy doomny.
"'k Sil jo ophelje", sei se. Mar doe roan dyselde samar oer 't Krúswetter hinne. Doe waerd dy dochter sa bang, dat sy doarst net mear allinne to wêzen.
Sy roeide mei har boatsje nei Earnewâld ta sa hurd as se mar koe. Op 't lêst bijoegen har krachten har en doe't se yn Earnewâld oankom, wie der gjin libben mear yn. Hja hie har fan bangens dearoeid.

Onderwerp
SINLEG 0411 - Heiliger geht über das Wasser.   
Beschrijving
Een dochter van een visser ziet 's nachts een dominee over het water vlakbij hun aak lopen. De dochter schrikt zo vreselijk, dat ze zich dood roeit.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 474, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
3 januari 1968
Heiliger geht über das Wasser.
Naam Overig in Tekst
Krúswetter   
Naam Locatie in Tekst
Warten   
Earnewâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21