Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ047410

Een sage (mondeling), woensdag 03 januari 1968

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern.
It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte.
Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha.
Mar dat die dy man net. Hy joech dy klean oan oare minsken.
Deis wie de man op syn wurk. Dan wienen de bern thús. As er jouns yn 'e hûs kaem seinen de bern: "Us mem hat hjir ek wer west."
Dat gebeurde hast alle dagen. Doe bleau dy man in kear thús en doe seach er dat de bern gelyk hienen. Syn frou kaem yn 'e keamer en sy gong ek wer fuort.
Doe helle hy mynhear de pastoar der by. Mar dy koe der neat oan dwaen.
Doe helle hy de doomny der by. Dy hat har oansprutsen. Hja sei, de frou dy't har holpen hie, moest har klean ha. Mar dy klean wienen al fuort. Doe frege de doomny har as it goed wie dat dy frou nij guod krige.
Ja, dan wie 't èk goed.
Doe ha se nije klean kocht foar dy frou en sûnt ha se har noait wer sjoen.
(Dit hat myn skoanmem my forteld)


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een zieke vrouw verzoekt haar man op haar sterfbed haar kleren na haar dood aan de huishoudster te geven. De man stemt toe, maar geeft de kleren na de dood van zijn vrouw aan iemand anders. Een poosje later vertellen de kinderen van de man dat hun moeder nog steeds rondspookt. Als de dominee de overleden vrouw aanspreekt op haar onvervulde wens, zegt ze dat haar huishoudster haar kleren moet krijgen. De vrouw stemt met het voorstel van de dominee in de huishoudster nieuwe kleren te geven. Nu de belofte op deze wijze vervuld is, vindt de vrouw rust.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 474, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

3 januari 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21