Hoofdtekst
Alde Rikele Myt forkocht ek ierpels. Skoanmem en dy hellen der wol ierpels wei. Dan sei Myt: "Jimme meije myn ierpels wol, hè?"
Skoanheit hie in suster, dy woe der gjin ierpels wei ha. Lutske hiet se. Dy miende mar fêst dat de ierpels fan Myt bitsjoend wienen.
Letter wenne dyselde Lutske op 'e Trije Roede by har dochter yn. Sy wie doe al âld en Rikele Myt wie lang al dea. Sy sei altyd, d_ wie in tsjoenster en d_ wie in tsjoenster.
Sy hienen buorlju, dat wienen in man mei in húshâldster, en dy húshâldster hie in lyts famke. Lutske gong dêr ris hinne en joech it famke twa parren. Mar dy húshâldster fortroude Lutske net. Sy die de parren yn in tichte bus. In fjirtsjin dagen letter die se de bus iepen, doe sieten der twa podden yn.
It is noch net iens sa lang lyn dat dat gebeurde. Fansels, doe wie Lutske in tsjoenster, doe krige dy de skuld derfan dat se it famke bitsjoend hie.
Sy ha doe Frâns Bouwer, de pelysje, der noch by hawn.

Onderwerp
SINSAG 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten   
Beschrijving
Een aardappelverkoopster - een vermeende heks - heeft soms moeite haar waar te verkopen, omdat veel mensen denken dat de aardappels betoverd zijn. Een andere vrouw wordt ook van hekserij verdacht omdat door haar verstrekte peren in padden veranderen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 475, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 september 1968
Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten
Naam Overig in Tekst
Rikele Myt   
Lutske   
Trije Roede   
Frâns Bouwer   
Naam Locatie in Tekst
Myt   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21