Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ047505

Een sage (mondeling), zondag 15 september 1968

Hoofdtekst

Skoanheit en syn swager gongen op in joun us togearre om branhout, hwant sy hienen neat mear to stoken.
Doe kommen se op 'e Jonkerskampen (fan 'e Trije Roeden nei 't Fean). Dêr spoeke it altyd, waerd der sein.
Doe't se dêr goed en wol wienen, sprong skoanheit syn swager ynienen oer de sleat - ja, dat woed er tominsten, mar hy sprong der midden yn, doe by de wâl op oan 'e oare kant en doe rinne, sa hurd as er koe. Op hûs yn.
Skoanheit wist net hoe't er 't hie en gong doe ek mar nei hûs ta. Sy wennen elk yn in spitkeet, flak by elkoar. Skoanheit gong nei de keet fan syn swager ta. Doe stie dy alhiel neaken foar 't hurdfjûr, mei 't einekroes noch yn 't hier. Hy droege syn wiete klean by 't fjûr.
Skoanheit sei: "Hwerom naeidestû eins út?"
Doe sei er: "Hastû dan neat sjoen?"
"Né," sei skoanheit, "hwat dan?"
"Dy trije jonkers, dy stienen flak foar my, mei de huodden op", sei er.

Beschrijving

Op een spookplaats schrikt een man zo hevig van iets dat hij zich vliegensvlug naar huis spoedt. Als een metgezel hem vraagt wat er aan de hand is, vertelt de man dat hij drie jonkers met hoeden op gezien heeft.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 475, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

15 september 1968

Naam Overig in Tekst

Jonkerskampen    Jonkerskampen   

Trije Roeden    Trije Roeden   

Fean    Fean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21