Hoofdtekst
Oene Kempenaar fan Sweagerbosk koe tsjoene.
Syn pakesizzer wenne yn Ljouwert. Dy hie in pear jonges. De iene jonge wie faek siik. Soms wie 't even wer goed, mar even letter wie 't wer mis. As pake der wie wie 't op 't allerslimst; dan wied er hast dea, sa raer like it dan.
De mem krijt hwat yn 'e gaten. Sy giet nei de apteek ta en hellet duveldrek. Dat docht se 't bern yn 'e klean.
De oare deis komt Oene Kempenaar der al iere bitiid oan mei egen yn 'e holle wol sa great as in fûst.
"Hwat is hjir gebeurd?" wie 't earste dat er sei.
"Bliksem," sei se, "dat sil pake sels wol wite, tink."
De âld man hat der noait wer west.
't Jonkje woarde better en hat noait wer siik west. Sy ha 't bêd neisjoen, dêr't it jonkje op slepte. Dêr kommen fjouwer krânsen út to foarskyn. Hienen der sawn west, dan hie it bern al net mear leefd.
Dy krânsen ha se forbrând. Dêrby ha se alles tichtmakke.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een zieke jongen blijkt betoverd. Zijn moeder stopt duivelsdrek onder zijn kleren. De volgende verschijnt de tovenaar zelf. Hij wordt verjaagd en de jongen geneest. De jongen had vier heksenkransen in zijn kussen. Als het zeven kransen waren geweest, was de jongen gestorven. Ze verbranden de kransen en maken alle kieren in het huis dicht.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 476, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 augustus 1968
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Oene Kempenaar   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21