Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ049104

Een sage (mondeling), donderdag 10 oktober 1968

Hoofdtekst

Ik hie in houn, dêr gong ik nachts faek mei it fjild yn. Ik gong faek to stropen en ek wol gauris to murdzjen. Op in kear hie 'k der op út west mei in famyljelid fan my. It hountsje dat wy hienen wie tige waeks. Dat blafte altyd fuortdaelks as der ien oan kom.
Yn 'e nacht gong ik wer mei myn hountsje nei hûs ta.
Myn famyljelid socht ergens oars ûnderdak. Doe't ik dy nachts op bêd lei, hearde ik klopjen op 't glês. 't Wie de tik fan dat famyljelid fan my. - vvv. Ien fikse tik, dy't langer oanhâlden waerd en trije koarte tikjes.
Mar it nuvere wie, de houn, dy't yn in kûle lei bûten tsjin 'e muorre oan, joech net in kik.
Ik sei tsjin myn maet: "Der wurdt kloppe."
"Ik hear neat", sei er.
Mar ik gong der ôf om to sjen. Né, der wie neat en de houn lei moai yn 'e kûle. Ik gong wer op bêd.
In skoft letter waerd der wèr kloppe. Doe hearde myn maet it ek. "Hark," sei er, "der wurdt kloppe."
It wie wer it tikjen fan myn famyljelid. Mar de houn bleau ek dizze kear stil. Wy hienen 't nou allebeide heard. Ik der wèr út. Neat to sjen. 't Hountsje lei stil yn syn kûle. Der wie net ien.
It wie sahwat seis wiken letter, op in moarne bitiid.
Doe woarde der wèr kloppe op 't selde glês. Deselde tikken. Wy leinen noch op bêd.
Doe stie myn famyljelid dêr. Hy wie wer thúskom.
De houn blafte.



Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een man gaat vaak stropen met zijn hond en een familielid. Na een stroopnacht gaat de man naar huis; het familielid zoek elders onderdak. Als de man op bed ligt, hoort hij kloppen op het raam. Hij herkent het als de 'tik' van zijn familielid: lang-kort-kort-kort. Omdat zijn hond niet aanslaat, concludeert de man dat er niemand bij het huis kan zijn. Hetzelfde tafereel herhaalt zich. Zes weken later wordt er op een ochtend opnieuw geklopt. Het familielid is nu daadwerkelijk thuisgekomen. Het tikken in de nacht is een voorteken geweest.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 491, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 oktober 1968
Vorbedeutung anderer Ereignisse.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21