Hoofdtekst
Ik hearde al us in kear in forhael oer in pleachbeest. Dat fortelde my it minske sels, dy't it oerkom wie. It wie in pûrbêst minske, sa earlik as goud en dêr soe har net in ûnwier wurd oer de lippen komme.
Hja wie boerefaem. Hja tsjinne yn Houtigehage by in boer dy hiet fan Sytse de Boer.
Har mem wenne yn Oerterp. Dêr kaem dy faem wei. De boer hie in almachtige lulke houn. It gebeurde wol us dat de faem nei melken jouns nei har mem ta gong, dan kom se let yn 'e nacht werom by de boer.
Foar in frommeske allinne wie dat gefaerlik, dêrom krige sy dy houn wolris mei, dy't tige mâl mei har wie. De boer woe 't eins net lije, hwant it wie in hiemhoun, mar de frou stie it ta. Omdat it sa'n bêste faem wie. Op in joun soe dy faem nei in feestje ta. Mar ûnderweis bitocht se har, sy gong nei har mem ta yn Oerterp. De houn hie se net by har.
Yn 'e nacht forliet se Oerterp. 't Wie in lang ein rinnen, fral dat earste ein nei Drachtster Kompenije.
Yn 'e Kompenije moest se 't tsjerkhôf passeare. Dêr wie se altyd hwat skruten foar, nou èk wer.
Dêrnei koe se skean-oer. Dat wie in hiel stik koarter. Mar dan moest se by Hindrik Melles del en sy tocht: Hoe kom ik dêr lâns? Hwant Hindrik Melles hie in forskuorrende hiemhoun, as dy jy fornom, dy bleau net fan jin ôf. Dat dêr doarst se eins net lâns.
Mar sy weage it der dòch op. Sy moest oer in barte.
As dy houn nou mar net kom -
Doe stie se foar in hekke. Hja die dy hekke iepen.
Doe wie dêr ynienen in ding njonken har. It wie har stil op side kom, sûnder dat se it fornom hie. 't Wie in pleachbeest.
"Ik wie ynienen net mear bang", sei se. "Ik seach nei him. Ik seach wol dat er folle mear mâns wie as in gewoane houn. Hy hie hiele greate egen. Hy stie stiif tsjin my oan. Hy wie wol like dik as in skiep.
Ik gong troch 't hekje. Doe kom dêr dy lulke houn oanbrûzjen. Mar doe seach er dat ding njonken my. Doe is er jankende werom gong, deabinaud.
Doe't ik it hûs foarby wie, kearde it pleachbeest him kalm om en gong wer fuort."
Dat pleachbeest hat har biskerme.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een meid van een boer is vaak nog laat op pad. Op een nacht wordt het meisje plotseling opgeschrikt door een plaagbeest aan haar zijde. Het dier lijkt op een grote hond en heeft enorme ogen. Het plaagbeest beschermt het meisje tegen een gevaarlijke hond van een boer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 491, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
10 oktober 1968
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Overig in Tekst
Sytse de Boer   
Kompenije   
Hindrik Melles   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Oerterp   
Drachtster Kompenije   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21