Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ049311

Een sage (mondeling), zondag 29 september 1968

Hoofdtekst

Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner.
It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer.
"Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it.
"Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt ûndervoed."
"Dizze," sei er, "dy wurdt pleage."
"Pleage?" frege de boer.
"Jo ha gjin frou mear?" frege Jehannes Hinses.
"Né."
"O, dan sil 'k wolris komme", sei Jehannes Hinses.
"Jo ha hyns?"
"Ja."
"Dan kom ik op in joun by jo en wy sille de kweade der wei krije."
Doe kom er op in joun. De feint moest mei de wein mei twa hynders der foar foar de mjillingsdoarren stean gean, mei de achterfjilden foar de doar. En goed de hynders yn 'e hân hâlde, dat niks har foarbykomme koe.
"Is 't sa goed?" hie de boer frege.
"Ja, 'k tink it al", hie Jehannes Hinses sein.
Doe wie er mei de boer op 'e stâl gong. Dêr wie Jehannes Hinses bigong to razen en to kettermintsjen en to slaen, dat it fé sprong op 'e stâl om.
Doe hied er oan 'e mjillingsdoarren ta west en dêr hie er hwat op 'e wein jage, mar sy seagen net hwat it wie. De hynders koenen 't hast net lûke, sa swier hie 't west. Tsjin 'e feint hie er sein: "Nou mar los!"
En doe wie 't mei hynders en wein op 'e dobbe ta gong.
De wein moest achterstofoar by de dobbe stean.
Doe sprong Jehannes Hinses foar by 't tiksel op en sei:
"Der ôf, Satan!" En ploemp - wie der hwat yn 'e dobbe fallen. "Foaruit, Satan, dû hast genôch lêst brocht!"
"Sjesa," hie er sein, "nou mar wer nei hûs ta. Jo binne fan jou lêst ôf."
Hwa wie nou deselde dy't pleage hie? De boer syn eigen frou! Dy kom elke joun mei de kweade geesten om de boer to kastijen!

opm. Het moet waarschijnlijk zijn Hinse Johannes (de Boer) en niet Johannes Hinses. Hinse Johannes was duivelbanner en veedokter en woonde op het Zwartveen A.A.J.

Onderwerp

SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.    SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.   

Beschrijving

Duivelbanner Jehannes Hinses (volgens Jaarsma moet het Hinse Johannes zijn - VW) vermoedt dat het vee van een boer - een weduwnaar - betoverd is. Als Jehannes de boerderij bezoekt, begint hij in de stal te vloeken. Even later trekken de paarden een enorm zware last - die zij niet kunnen zien - op de wagen uit de stal. Jehannes roept 'Er af, Satan!' en gooit de wagenvracht in het water. Later blijkt dat de de overleden boerin de dieren met kwade geesten kwelt om de boer te straffen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 493, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

29 september 1968
Toter kommt wieder, um sich zu rächen.

Naam Overig in Tekst

Jehannes Hinses    Jehannes Hinses   

Satan    Satan   

Hinse Johannes    Hinse Johannes   

Hinse Johannes de Boer    Hinse Johannes de Boer   

Johannes Hinses    Johannes Hinses   

A.A.J.    A.A.J.   

Jaarsma    Jaarsma   

Naam Locatie in Tekst

Grinslân    Grinslân   

Zwartveen    Zwartveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21