Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ049409

Een sage (mondeling), dinsdag 24 september 1968

Hoofdtekst

Doe't ik in jonge baes wie wenne der by ús yn Moarmwâld in âld wiif, Baeije. Dy gong foar in tsjoenster troch. It minske koe rekkenje noch skriuwe. Mar dy wienen der doe wol mear. Dêr siet ik as jonge in bulte, hwant ik wie kammeraet mei ien fan har jonges. Hja wie ús buorwiif sahwat.
Doe't ik troude kaem ik yn 'e Falom to wenjen.
Ik sei tsjin 't wiif: "Wy moatte ús froegere buorwiif Baeije hjir us op bisite noegje. Dat heart sa."
Wy hienen doe ús earste bern, in jonge.
Omdat Baeije foar in tsjoenster troch gong, sei myn wiif: "Nou wol ik wite of it in tsjoenster is."
Hja die duveldrek by ús ûnder 'e drompel fan 'e doar. Hwat wie doe 't gefal? 't Mantsje kaem wòl op bisite, mar Baeije bleau thús. Wylst Baeije wol sawn kear sa fluch wie as hy.
Ik ha Baeije wol faker as ien en twa kear útnoege, mar hja woe noait komme. Salang de duveldrek dêr ûnder 'e drompel siet, kaem hja der net oer.
Myn frou hie letter altyd in pûdtsje duveldrek op 't boarst.

Onderwerp

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

Een oude vrouw - een vermeende heks - wordt door haar vroegere buurjongen op de koffie genood. Zijn echtgenote - de vroegere buurjongen is inmiddels volwassen en getrouwd - stelt voor duivelsdrek onder de drempel te stoppen omdat de reputatie van de oude vrouw bekend is. De heks blijkt niet te willen komen zolang de duivelsdrek onder de drempel zit: haar man wordt er alleen op uitgestuurd.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 494, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

24 september 1968
Duiveldrek als afweer

Naam Overig in Tekst

Moarmwâld    Moarmwâld   

Baeije    Baeije   

Falom    Falom   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21