Hoofdtekst
Kollega
Earne tusken de Lemmer en Wolvegea wenne in dokter. Oh, it wie net in minne man, hy wie ek wol kundich, mar hy koe de drank net stean litte. It gong lang net altyd, sa't it hearde. Hy wie bygelyks al ris by in befalling roppen, doe die it bliken, hy wie ûnbekwaam. It koe sa net langer. Hy wie al ris warskôge troch in pear notabele persoanen. Dy seinen: 'Jo moatte hjirmei ophâlde, oars komt it net goed'.
'Nee, nee, 't is ek sa', sei dokter, 'jim hawwe gelyk, minsken, ja, ja'.
It gong in setsje knap, mar op in kear, doe wie it skrousk waar, dokter wie huverich, en doe koe er de herberch net foarby komme. Doe't er wer oer de strjitte rûn, stapte er frijwat oer de foet. En dêr kaam er in kowedriuwer tsjin, dy koe it paad ek net rjocht hâlde. Beide hienen se de hiele wei nedich, mar it like doch, dat se inoar sûnder kantroeren foarbykamen. Doe hearde dokter de oare groetsjen: 'Kollega!' 'Hea!' frege er ferheard, 'binne jo ek dokter, beste freon?' 'Nee', sei de kowedriuwer,'mar ik bin ek dronken'.

Beschrijving
Ergens tussen de Lemmer en Wolvega woonde een dokter die de drank niet kon laten staan. Op een koude dag kan hij de verleiding niet weerstaan de herberg voorbij te lopen. Later gaat hij dronken weg en komt een koeiendrijver tegen. Deze riep kollega tegen hem,waarop de dokter antwoordde of hij ook dronken was. Nee was het antwoord maar hij was ook dronken.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksverhalen. Baarn (etc.), 1979, p.402
Commentaar
15 juni 1973
Naam Locatie in Tekst
Lemmer   
Wolvega   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20