Hoofdtekst
Oh, wat bin ik . . .!
In man ried mei de lege kroade de wei del en doe lei dêr ûnderweis yn 'e berm in keardel, dy die oars net as kreunen en kjirmjen fan: 'Oh, wat bin ik . . .! Oh, wat bin ik. . .!' De man liet de kroade stean en foel der op'e knibbels by del. 'Wat is der oan?' frege er, mar hy krige der oars net út as: 'Oh, wat bin ik . . .!' Hy tocht, dit doocht fang net mei dy man, ik kin him hjir net lizze litte. De keardel kreunde noch hyltyd fan: 'Oh, wat bin ik . . .!' mar hy krige der op 't lêst doch út, wêr't er thus hearde. Dat wie dêr in moai eintsje ôf, mar de man lei him yn 'e kroade en kroade him dat út. Underwilens sei de keardel sa no en dan: 'Oh, wat bin ik . . .!'
It wie in hiele opdrift, mar op 't lêst kamen se doch te plak. Doe stapte de keardel út himsels út'e kroade. Hy gappe, riek de lea en sei: 'Oh, wat bin ik lui!'

Beschrijving
Een man met een kruiwagen komt onderweg in de berm een andere man tegen die alleen maar 'oh, wat ben ik..' kan uitroepen. Hij besluit de ander naar huis te brengen en verkrijgt zijn adres. Aldaar aangekomen stapt de kerel zelf uit de kruiwagen, rekt zich uit en zegt: 'oh, wat ben ik lui'.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge.Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.403
Commentaar
2 november 1978
Dit type komt ook voor als Uylespiegelvertelling
Naam Overig in Tekst
oh wat ben ik   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20