Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE430 - Petrus en Paulus

Een mop (boek), vrijdag 19 september 1975

Hoofdtekst

Petrus en Paulus
It gong de boeren net foar de wyn en den litte se sa min mooglik dwaan. De losse arbeiders rûnen om, wurk wie der net te finen. Ien arbeider baarnde dat yn, dat hy tocht op 't lêst, ik moat sels mar ris by de boeren lâns en sjoch, oft ik by de iene of de oare ek oanslach krije kin.
It wie knap wear, hy gong de moarns betiid fan hûs. Mar oeral wie it itselde— nee, gjin wurk. Op't lêst—it wie al by de fyfte of de sechste boer—doe kaam er op in pleats, dêr wie it sa frjemd stil. Hy wist net, dat dy boer roomsk wie. Hy frege: 'Hat de boer ek wurk foar my?' De boer seach him rjocht op en del oan: 'Wurk! Wurk! Wat prate jo fan wurk—wy ha hjoed Petrus en Paulus!' 'Oh!' sei de arbeider, 'dan hawwe jo ek folk genoch'.

Beschrijving

Het waren slechte tijden voor de boeren en ook de dagloners konden geen werk bij de boer vinden. Een arbeider besloot zelf maar te zoeken naar werk en bij de vijfde of zesde boer was het vreemd stil. Hij wist niet dat de boer rooms katholiek was en vroeg de boer of hij werk voor hem had. De boer antwoordde dat het vandaag Petrus en Paulus was. Daarop zei de arbeider dat de boer dan ook genoeg volk had die voor hem werkten.

Bron

Ype Poortinga. De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn (etc.), 1979, p.403

Commentaar

19 september 1975

Naam Overig in Tekst

Petrus    Petrus   

Paulus    Paulus   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20