Hoofdtekst
Ik bin mei in suster fan dy troud
Der wie in keapmantsje, dy sûpte bot en hy swabbere nachts in bult om. Hy hie in frou, dat wie de goedens sels en dêr makke er misbrûk fan. Se bekibbe him wol ris, mar dat wie út goederbêst. Hy joech der ek neat om, mar hy bearde altyd, dat er sa'n kwea wiif hie.
Op in kear kaam der in kunde by it minske en dy sei tsjin har: 'Do moatst oars te wurk gean. Do moatst him ris goed benaud meitsje, miskien wurket dat wat út. As it wer in kear tige let wurdt, den moatst dy ferklaaie as in spoek of in duvel en wachtsje him sa op'.
Oan it paad nei syn hûs stie in âld wylgenbeam, en wylgenbeammen kinne sa hol wêze. De frou die in wyt lekken om 'e kop en gong yn dy holle beam stean. Njonkenlytsen, dêr kaam de man dat del. Doe't er omtrint oan 'e beam ta wie, kaam se der út, it lekken om her hinne, en se sei: 'Ik bin de duvel!'
Oft er no yn 'e rekken hie, wa't er foar hie, of net, dat soe ik net fertelle kinne— yn alle gefallen, hy sei: 'Dan sitte wy noch yn te famylje, want ik bin mei in suster fan dy troud'.

Onderwerp
VDK 1676H* - Spookspelen: Een zuster van de duivel   
Beschrijving
Een koopman is getrouwd met een vrouw en gaat 's avonds naar de kroeg. De vrouw is de goedheid zelve en daar maakt hij misbruik van. Hoewel ze het niet is, doet de koopman het voorkomen dat ze een boosaardige en slechte vrouw is. Een kennis van de vrouw stelt voor hem eens te laten schrikken. Misschien helpt dat. Dus als de man een keer thuiskomt en de holle wilgenboom passeert komt de vrouw met een laken om zich heen eruit en zegt: 'ik ben de duivel'. Of de man het doorhad of niet, in ieder geval zegt hij: dan zijn we familie van elkaar, want ik ben met een zuster van jou getrouwd.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen, Baarn (etc.) 1979, p. 404
Commentaar
29 februari 1972 en 9 mei 1973
Spookspelen: een zuster van de duivel
Naam Overig in Tekst
duivel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20