Hoofdtekst
Yn Fryslâns grûn
Dit moat him fuort nei de lêste wrâldoarloch ôfspile ha. Doe krigen de minsken hjirre fan famyljeleden út Amearika fan alles tastjoerd. Meast klean, mar ek wol itenspul, fersterkjende middels foaral. Sa wienen der minsken, dêr kaam ek in pakje út de States. Der siet in glêzen pot yn mei fyn, brunich poeier. It wie goed droech spur, want de pot hie sekuer ôfsluten west mei in glêzen stop. Se hienen al ris faker wet tastjoerd krige, ek wol ytbere waar. Nuver, diskear wie der hielendal gjin skriuwen by. Mar it adres fan 'e ôfstjoerders wie itselde as de foarige kearen.
'It koe wol brune piper wêze', seinen se, 'krekt oft we dêrop sieten te wachtsjen'. Ien die de fmger der yn en preau. Nee, it wie gjin piper, smaak siet der net folle oan en rook ek net. Hawar, it soe wol it iene of 't oare krêftfoer wêze. Yn Amearika wienen in bulte útfiningen dien yn 'e oarloch, hienen se al heard, ek op it stik fan iten en medisinen.
'Wy dogge earst mar ris wet oer't fleis', seinen se, 'miskien is't wol lekker. Mar net tefolle tagelyk, dan mei it noait gjin kwea'. Fleis wie noch op'e bon de earste tiid nei de oarloch, dat elk hoekje smakke lekker, wet der ek by dien waard. No, der kaam har yn alle gefallen neat fan oer. 'Wy brûke der stadichoan mar wat fan. Alle kearen dat se sop ieten rûgelen se dêr ek wet yn en linkendewei rekke it op.
Skoften letter kaam der in briefke. Oft se de jiske fan omke Pibe yn goede steat ûntfongen hiene? Omke mocht by syn libben altyd graach sjonge fan 'Amearika, do lân fan dream en winsken'; foaral de lêste rigel koe er sa dierber úthelje: 'Jou my in grêf yn Fryslâns grûn'.

Onderwerp
VDK 1339J* - As van gecremeerde voor specerijen aangezien   
ATU 1339G - The Relative in the Urn.   
BRUN 03155 - The Accidental Cannibals   
Beschrijving
Na de laatste oorlog krijgen mensen van familie uit Amerika van alles toegestuurd, met name kleding en eten. Dus ontvangen een paar mensen een glazen pot met bruin poeder erin zonder brief erbij. Ze denken dat het om een specerij of krachtvoer gaat en doen het door het eten tot het op is. Dan krijgen ze een brief waarin wordt gevraagd of de as van oom Pibe goed is aangekomen. Hij wilde graag in Friesland uitgestrooid worden.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen, Baarn (etc.) 1979, p.416
Motief
X21 - Accidental cannibalism.   
Naam Overig in Tekst
Pibe   
Naam Locatie in Tekst
Amerika   
Friesland   