Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE455 - Ien út it laach

Een mop (boek), woensdag 20 oktober 1976

Hoofdtekst

Ien út it laach
Der siet ris in man yn 'e trein, dy hie wat in frjemd berop—hy kaam mei gnobjen en potsen en bûselichten troch de tiid. Hy wie noch frijgesel. Hy wie der noch net oan ferâldere, mar it alderjongste rekke der doch ôf. It wie ek net sa, dat er gjin sin oan 'e froulju hie, mar fansels by alle fammen hoegde in feint mei sa'n breawinning lang net oan te kommen. Hy soe ek wol in wiif of in húshâlding ûnderhâlde kinne, safolle levere it pongleegjen him wol op.
No, hy sit yn 'e trein en njonkenlytsen stapt dêr in himmel jong frommiske yn en dy skikt njonken him. Prate kin se wol, docht bliken, se is de koartswilige kant neist en it ferfeelt him neat. Hy wol her in sigaret oanbiede en sels ek ien opstekke, mar dan siket er fergees om syn sigaretten. Nuver, tinkt er, ik moat se doch by my ha. De koepee rint stadichoan leech en dan sil er op syn haloazje sjen, mar ferdoarje, dat mist er ek!
Dan begjint de faam te laitsjen en hy kriget syn spullen werom. It docht bliken, beide hawwe se itselde berop en as 't der op oan komt, is sy de tûkste noch. Hawar, se hawwe niget oaninoar, se prate wat ôf, en it wurdt ferkearing. Lang wachtsjen hâldt sok folk net fan, dat mei gauwens binne se troud en is der in lytsen op kommendewei. Dat bern hienen se it altyd oer. Op wa fan har beiden soe er lykje, en soe er letter itselde hantwurk ek leare wolle? Dat koe noch ris in fakman wurde —fen út'e geslachten groeid.
Goed, de lytse kaam op 'e tiid en alles like yn oarder, de froedfrou wie tefreden. Ja, ien ding wie der—it iene hantsje siet stiff ticht. It bern waard wosken, mar tinke jim, dat se dat hantsje opdie? Op't leêt briek de froedfrou it mei geweld iepen. En wat tochten jim dat der yn siet?—De froedfrou har ring.

Onderwerp

VDK 1525X* - Een geboren zakkenroller    VDK 1525X* - Een geboren zakkenroller   

Beschrijving

Een man is zakkenroller van beroep en komt een keer in de trein een vrouw tegen die toevallig hetzelfde beroep heeft. Ze raken aan de praat en hij wordt haar slachtoffer en van het een komt het ander. Ze trouwen en krijgen een kind. De vraag is op wie hij lijkt en wat zijn beroep later wordt. Bij de geboorte ziet de vroedvrouw dat een handje stijf dicht zit. Daarin blijkt de ring van de vroedvrouw te zitten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen.Baarn (etc.) 1979, p.417

Commentaar

20 oktober 1976
Een geboren zakkenroller

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20