Hoofdtekst
Hokker sille wy no hâlde?
In man en in frou sieten by de tafel en her âldste bern, in lyts famke, lei yn 't bedsteed. Se harke wat de twa by de tafel seinen. De kat hie twa jongen krige. Doe gong de man der mei nei it bêd ta en sei: 'Dû meist der ien fan hâlde—hokker wolst ha?' 'Och hearen', sei it lyts fanke, 'mei 'k se allebeide net hâlde?' 'Nee leave, wy kinne mar ien hâlde'.
In pear dagen letter krige mem in twilling. En doe gong it famke hinne en frege: 'Mar hokker wolle jim no hâlde'. 'Allebeide fansels'. 'Nee hear, fersûp no mar ien. De iene jonge kat moast ek fersûpt wurde. Jim hawwe oan ien genoch'. En it bern die gjin lichten: as se mar ien jonge kat hâlde mochten, dan hoegden se ek gjin twa poppen.

Beschrijving
Een man en vrouw zitten aan tafel en het oudste meisje ligt in bed. Haar vader vraagt welke van de twee katjes ze wil houden, en als ze zegt allebei, dan zegt hij dat dat niet kan: eentje moet er verzopen worden. Als moeder korte tijd later bevalt van een tweeling, vindt het meisje dat er ook maar een baby verzopen moet worden.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.418
Commentaar
2 maart 1977
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20