Hoofdtekst
Dat lytse pyst
Yn 't earstoan nei de oarloch, doe't de auto's algemien begûnen te wurden, hie men dan dy Iytse goggomobyltsjes. Dan koe ien dy't it oars om 'e sinten net sa bot paste doch ride. Dy dingen gongen wol net sa hurd en se hobbelen frijwat, mar men hie doch ferfier. Dejinge dêr't ik it fan heard ha die syn ferhaal krekt, as hie er it sels belibbe.
Wy hawwe ek sa'n dinkje hân, sei er, en wy koenen ús der skoan mei rêde, it brocht us dêr't wy wêze woenen. No ja, myn frou dat is noch al gâns in omgong, dy protte der hast ta 'n út, en se hie ek wol argewaasje fan 'e skimpskoaten dy't se sa no en dan te hearren krige. Op in kear parkearde se him op it Hearrenfean by it stasion en doe skeat der krekt in grutte mercedes njonken har. Der stapte sa'n ferwaande kwast út, dy seach sa spytguyskjend nei ús gochje, dat se tochte, der sil wol wer wat komme. Ja, dy fint frege: 'Mefrou, brûkt dat ding ek bensine?' No, myn frou seach him ris gleon oan en dy sei: 'Wel nee keardel, ik ha him oan 't boars"!'
Datselde goggomobyltsje ha 'k it in kear mei hân, doe liet er it sitte. Dat foel oars noait foar, mar diskear wie 't foargoed mis, ik koe him mei gjin mooglikheid oan 'e gong krije. It wie tusken Roardhuzum en Jirnsum en dêr hat men ek hast gjin ûntwyk mei dy iperen beammen flak op 'e strjitwei. Dêr stie ik. Mar aldergeloks kaam de feearts der lâns mei syn jaguar. Hy sei: 'Wol er jo net thúsbringe?' 'Nee', sei ik, 'hy ferpoft it. Dat docht er oars noait, mar hoe kom ik no yn Akkrum?' 'Ei no', sei de feearts, 'dat is neat allegear. Ik ha wol in sleepkabel by my, dan sette wy him even efter mines'. Ik sei: 'Ja-ha, mar jo fljogge my fierste hurd'. 'Eh, dat falt wat ta. Hy rydt hûndertfyftich, mar ik kin ek wol santich. Wy dogge it kalmoan. En as it jo al te hurd giet, dan toeterje jo mar efkes en dan ryd ik wet stadiger'.
Ynearsten gong dat knap, mar doe ried dokter ús fan efteren yn mei syn grutte bmw. Ik tink hast, dat er de hiele sleepkabel net iens sjoen hat, te minsten doe't er njonken de feearts wie stiek er him sa'n bytsje de gek oan, dat er sa stadich ried. Ja, doe fergeat de feearts myn hiele gochje en hy joech gas. Dokter begûn noch hurder te riden en de jaguar ek, dat wy fleagen mei in gong fan hûnderttritich kilometer troch Jirnsum, jim witte wol, troch dy nauwe strjitte. En myn gog dûnse en die—ik tocht, aansen rammelt er útinoar. Dat ik mar toeterje, oan ien tried wei mar toeterje, mar dat wurke neat út.
Doe stie dêr yn Jirnsum in jonge yn 'e doar en dy raasde: 'Heit, heit—kom gau! In grutte bmw dy jaget hjir lâns mei in rotgong—wol hûndertfyftich. Dêr sit in jaguar efter, dy fljocht like hurd. Mar dêr komt noch ris sa'n lyts goggomobyltsje efteroan en dat lytse pyst toetert om foarby te kommen!'

Beschrijving
Vlak na de oorlog zijn de kleine goggomobieltjes als auto verkrijgbaar. Een man en een vrouw bezitten zo'n auto en zijn vrouw kan er maar net in. Als ze hem een keer bij het station in Heerenveen parkeert, krijgt ze commentaar van een bestuurder van een grote bmw. Als de man een keer het autootje mee heeft, geeft hij er tussen Roardhuzum en Jirnsum pde brui aan en is niet meer aan de praat te krijgen. De veearts met zijn jaguar biedt aan hem op sleeptouw te nemen naar Akkrum en rustig te rijden. Mocht het te hard gaan, dan moet de man maar toeteren. Het gaat goed tot de dokter met zijn bmw langskomt en de veearts uitdaagt. Ze jagen elkaar op door de straatjes van Jirnsum en toeteren heeft geen effect. Een jongen ziet het tafereel en denkt dat het goggomobieltje toetert om erlangs te kunnen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.423
Commentaar
2 september 1978
Gehoord van Piter Annema van Akkrum, bij zijn leven bekend als bruilofsleider.
Naam Overig in Tekst
Roardhuzum   
goggomobiel   
bmw   
Naam Locatie in Tekst
Heerenveen   
Jirnsum   
Akkrum   
jaguar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20