Hoofdtekst
Myn heit moest ris op in kear lammesturtsjes barre fan Wopke Gerrems de Vries, in boer. Heit dêr hinne op in joun, kofjedrinke, lang prate, doe der wer wei, de gemeentewei lâns. Doe in ein modderwei, en sa troch 't mienskar.
Doe stie er foar in wringe. Doe't er oan 'e wringe ta wie, tocht er: "Jonge, dêr is brân yn 'e ien en twintich mêd by de sleat. Hoe kin dat?" Dêr stienen greate turfhopen. Dy stienen yn 'e brân.
Mar de oare deis stienen dy turfhopen der noch. Se hienen dus yn werklikheit net yn 'e brân stien. Mar heit hie se brânnen sjoen.
Heit en myn âldste broer hienen dêr twahûndert foer reid lizzen. Dat reid moest boun wurde, mar heit woe dêr net hinne to binen. Hwant hy tochte, as dy hopen turf ris yn 'e brân reitsje, krije wy de skuld, as wy dêr oan 't wurk binne. Dat hy gong oan 't gropjen de kant nei Earnewâld út.
In dei of hwat letter stienen de turfhopen echt yn 'e brân. Heit hie 't fan tofoaren sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes   
Beschrijving
Een man ziet een stel turfhopen in de brand staan. De volgende dag staan de turfhopen er nog. Het is een voorgezicht: een poosje later brandt het turf echt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 499, verhaal 17 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
11 november 1968
Vorzeichen eines Brandes
Naam Overig in Tekst
Wopke Gerrems de Vries   
Naam Locatie in Tekst
Earnewâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21