Hoofdtekst
Ik hie in feint, dat wie Tseard Jongsma, dy hat njoggen jier lang by my tahâlden. Op in kear doe wied er achter hûs, doe rôp er: "Kom hjir us even." Dat is nou in fiif en fjirtich jier lyn. 't Wie yn Aldegea.
Ik dêr hinne.
"Sjochst wol?" sei er.
Der ried in tram achter ús lâns, dy gong op Garyp yn. Wy seagen him krekt salang nei as wy koenen.
Der wie doe net in wei of trambaen.
't Is nou allegear gâns foroare. Der rinne nou twa wegen hinne. De trêdde wei binne se mei oan 'e gong en dy rint de richting út, dêr't wy doe dy tram sjoen ha. It ha grif autobussen west. 't Wie foartjirmerij. 't Mat noch neikomme.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Twee mannen zien een tram rijden, terwijl er nog geen trambaan - of überhaupt een weg - is. Het is een voorgezicht. Later worden er wegen aangelegd. De mannen vermoeden dat ze destijds autobussen hebben gezien. Die moeten er nog gaan rijden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 499, verhaal 16 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
11 november 1968
Vorbedeutung anderer Ereignisse
Naam Overig in Tekst
Tseard Jongsma   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Garyp   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21