Hoofdtekst
It is froeger gebeurd, dat in heit (Veenstra) mei syn dochter yn in fiskersaek lei by Foanejacht, healwei Garyp en Warten, dêr't nou in brêge leit. De fisker hie dêr in tichtset en sy setten ek wol oer.
De fisker moest nei de buorren ta yn Earnewâld. Hy sei tsjin syn dochter: "Ik kom sa gau mooglik wer. Der komt aenst noch al ien dy mat oerset wurde, mar dêr rêdstû wol mei."
Doe't de fisker al in moai setsje fuort wie waerd der roppen. Hja gong út 'e aek wei en makke 't boatsje los en roeide nei de oare kant.
Dêr stie in man.
Doe't hja oan 'e oare kant wie, sei se: "Stap mar yn."
Mar der stapte net ien yn. Der wie net ien.
Hja wie sa binaud woarn, dat hja roeide nei Earnewâld ta sa hurd as se koe. Dat kaem der sa bot op oan, dat sy wie dea doe't se dêr oankaem. Hja hie har dearoeid.
It spoek dat se sjoen hie wie de Lange Sleatterman.

Beschrijving
Een vissersdochter moet wel eens mensen overzetten in de vissersaak. Als een man haar roept vanaf de walkant, roeit ze naar hem toe en maant hem in te stappen. De man is plotseling verdwenen. Het meisje schrikt zo hevig dat ze zichzelf dood roeit. Ze blijkt oog in oog te hebben gestaan met de Lange Sleatterman.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 506, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 oktober 1968
Naam Overig in Tekst
Veenstra   
Foanejacht   
Lange Sleatterman   
Naam Locatie in Tekst
Garyp   
Warten   
Earnewâld   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21