Hoofdtekst
Ik haw in woanskip hawn, dêr haw ik in set yn wenne.
Dan praette ik wol us mei in skipper, dy kom út Beets. Dy wie bang foar spoeken. Syn broer trof ik dêr ek nou en dan by him. Dat wie in bêste man. Hy wie Kristlik en moest neat ha fan spotten. Mar hy wie deabinaud foar spoeken. As er dêr oer fortelde luts er wyt om 'e holle. Hy fortelde us op in kear:
Ik en myn pake farden togearre. Wy moesten nei Ljouwert ta. Ik wie jong. Wy leinen foar de Mar. 't Wie need waer, wy koenen sa net fierder, wy moesten stopje. Wy koenen de Mar net oer. 't Wie ljochtmoanne.
Wy sieten togearre yn 't foarûnderke, ik en myn pake. Ik wie achttsjin jier.
Ynienen wurdt der op it foarûnderke kloppe. Pake sei: "Gean mar even hinne en sjoch hwa't der is."
Ik út it foarûnderke wei en sjen.
It like in frommes. Fan ûnder nei boppe wie 't in wite gedaente. Ik wie sa forbouwereard, dat ik stoude wer nei pake ta.
De âld man sei: "Dan sil ik us sjen."
Hy klaude ta 't foarûnder út en bleau nochal even wei. Doe't er werom kom hied er in pakje yn 'e hân.
"Hwat nou?" sei 'k.
"In wûnder gefal", sei de âld-man. "Dat minske wie in frommes. Mar 't like wûnder. Hja rikke my in pakje ta en doe't se dat dien hie sweefde se samar ynienen fuort krekt as in gedaente.
Hja sei, 't pakje moest moarn ier en bitiid yn Ljouwert bisoarge wurde.
- Dat kin net, sei 'k, - wy lizze ommers foar de Mar, wy kinne net fierder -
Hja sei: "De wyn jowt him aenst del, dan ha jim dêr gjin lêst mear fan."
Ik sei: Minske, hwer mat ik mei dat pakje hinne?
Sy sei: "Sadré't jo yn Ljouwert oan wâl lizze, moatte jo direkt de stêd yn en de earste de bêste dy't jo tsjin komme, matte jo it jaen."
Dat hie se pake opdroegen.
Doe duorre 't noch mar even, doe sei pake: "'t Is stil. It waeit net mear."
Even letter sei er: "De wyn is draeid, en 't is helder."
De âld man sei: "Wy dogge 't seil op, en wy sile nei Ljouwert. Wy ha moai ljochtmoannewaer."
Doe't wy to Ljouwert oankommen, gong pake mei 't pakje op stap. 't Wie noch ier en bitiid yn 'e moarn.
Der kom him in dame tsjin.
Pake hâldde har oan en sei sa en sa.
"Dêr bin 'k mei bikend", sei se en sy nom 't pakje oan.
(Dy't it my fortelde wie Marten Hamstra, in broer fan dy skipper fan Beets: Jochum Hamstra. Marten wenne(t) yn Drachten. Hy sutele mei kippegrit. Hy is ôfkomstich fan Beets. Miskien libbet er noch)

Beschrijving
Een schipper is doodsbenauwd voor spoken. Toen de schipper een jaar of achttien was, werden hij en zijn vader opgeschrikt door een spookvrouw in het vooronder van het scheepje. De vrouw reikt de vader een pakje uit dat de volgende dag in Leeuwarden bezorgd moet worden. Zodra het schip in Leeuwarden aan wal ligt, moet de vader de stad ingaan om het pakje aan de eerste de beste passant te geven, aldus de vrouw. Na het pakje overhandigd te hebben, zweeft de vrouw plotseling weg. In Leeuwarden pakt een vrouw het pakje aan. Ze zegt het pakje al verwacht te hebben.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 507, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 oktober 1968
Naam Overig in Tekst
Kristlik   
Marten Hamstra   
Jochum Hamstra   
Marten   
Naam Locatie in Tekst
Beets   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Mar   
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21