Hoofdtekst
Ien fan 'e Houtigehage hat my us forteld:
Wy sieten thús yn 'e keet en wienen oan 't kaertspyljen. As wy oan 't kaertspyljen wienen wie 't altyd lûdroftich. Der woarden dikke wurden by brûkt en de hollen woarden hyt.
Heit hie der in hekel oan dat wy kaertspilen.
Op in kear wienen wy wer oan 'e gong. 't Wie op in joun. 't Gong der heil en seil oan wei en 't wie bot lûdroftich. Heit hie ús al in pear kearen warskôge. Mar dat joech neat.
Doe ynienen gong de keamersdoar iepen. En dêr komt in lyts, roetswart keardeltsje oan. Dat kom my mar krekt boppe de knibbels, sa lyts wie 't. 't Wie in kabouter. Hy hie 't pypke oan. Hy sei neat.
Der kom sa'n reek út dat pypke wei, dat de hiele spitkeet wie swart fan 'e reek.
Wy wienen sa forbouwereard, wy smieten de kaerten del.
Doe't dat gebeurd wie, doe gong de doar wer iepen en 't mantsje gong wer fuort.
Doe hat heit de kaerten forbrând en wy ha noait wer kaerte.

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Een stel luidruchtige, spottende kaartspelers wordt opgeschrikt door een klein, roetzwart kereltje met een pijpje. Het huisje waar gespeeld wordt, wordt zwart van de rook. De kaartspelers worden zo bang, dat ze de kaarten neerleggen. Het mannetje verdwijnt weer. Het kaartspel wordt verbrand en er wordt nooit meer gespeeld.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 507, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
24 oktober 1968
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21