Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ050814

Een sage (mondeling), maandag 18 november 1968

Hoofdtekst

Adrianus Biesterveld hat oan 'e Dwarsfeart to Drachten wenne. Dêr wienen se allegear bang foar, hwant hy koe samar ien formoardzje om hwat jild.
Op in kear, doe wie er krekt út 'e gefangenis wei. Doe siet er yn 't 'Grauwe Peerd' to Drachten. Dat wie in herberch. Doe kom dêr in reizger, dy moest nei 't Hearrenfean ta. Hy hie in koffer by him. Hy woe in man ha dy't dy koffer foar him nei 't Hearrenfean ta drage koe.
Biesterveld bea him oan. Mar de kastlein warskôge de man en fortelde him tomûk hoe'n gefaerlike keardel dy Biesterveld wie.
Mar de reizger hie 't Biesterveld tasein foar in daelder. Sy gongen togearre op stap. De reizger kommandearde Biesterveld. Dy moest foar him op gean mei de koffer. Sels roan hy der achteroan.
Doe't se bûten Drachten wienen, sei de reizger tsjin Biesterveld:
"Ast ien forkearde slach dochst, dan hast der west." Hy hie syn revolver yn 'e bûse laden.
Se kommen feilich yn 't Hearrenfean oan. Dêr krige Biesterveld, dy't bot switte fan it sjouwen mei de koffer in bakje kofje en in forsterkinkje oer de daelder hinne.

Beschrijving

Veel mensen zijn bang voor de beruchte moordenaar Adrianus Biesterveld. Als Biesterveld - net ontslagen uit de gevangenis - een reiziger in een herberg aanbiedt diens bagage naar Heerenveen te brengen, waarschuwt de kastelein de reiziger voor de reputatie van Biesterveld. De reiziger stemt toch toe en laat Biesterveld voorop lopen. De reiziger volgt met zijn revolver geladen in zijn zak. Het tweetal komt veilig in Heerenveen aan. De reiziger biedt Biesterveld koffie met een borreltje aan.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 508, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

18 november 1968

Naam Overig in Tekst

'Grauwe Peerd'    'Grauwe Peerd'   

Naam Locatie in Tekst

Adrianus Biesterveld    Adrianus Biesterveld   

Dwarsfeart    Dwarsfeart   

Drachten    Drachten   

Hearrenfean    Hearrenfean   

Heerenveen    Heerenveen   

Biesterveld    Biesterveld   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21