Hoofdtekst
Sûnt dy tiid spoeke it op Teade-hoekje.
Der wie in liet fan, mei de folgjende rigels der yn:
Er kwamen weer een twintigtal getuigen,
die eveneens hun stem verheften tegen hem.
Maar niets kon nog zijn wreedheid buigen...
(Biesterveld hat ek wenne yn 'e Omloop ûnder Surhústerfean)
Doe't Biesterveld út 'e gefangenis, nei de moart op Rein Geales weromkom, stiek er yn 'e Pein oan yn 'e herberch fan Douwe Douma. Hy kocht dêr syn wiet en droech en doe makke er him bikend.
Doe wie der net ien mear dy't by him komme doarst. Hy is der út rekke sûnder to biteljen.
Doe't er thús kaem hie syn wiif in bern krige fan in oare keardel. Mar dêr wie er alhiel net lilk om. Hy hat dat bern krekt sa goed bihandele as syn eigen.
Biesterveld wie ek skearbaes en hierknipper.
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Rein Geales van der Meulen   
Teade-hoekje   
Omloop   
Douwe Douma   
Naam Locatie in Tekst
Biesterveld   
Adrianus Biesterveld   
Slingerswei   
Boarnburgum   
Surhústerfean   
Pein   
